Steatelid Margreet Jonker terjochte út de fraksje set

Margreet Jonker
Margreet Jonker © Gemeente Dantumadiel
De ChristenUnie hat it berop ôfwiisd dat Steatelid Margreet Jonker yntsjinne hie omdat se út de fraksje set is.
Neffens de beropskommisje hawwe fraksje en provinsjaal bestjoer prosedureel en ynhâldlik korrekt hannele doe't se frou Jonker út de fraksje setten. De útspraak betsjut dat Jonker de partij net mear fertsjintwurdigje kin, sa lit it bestjoer fan de Fryske ChristenUnie witte yn in skriftlike ferklearring.

Skorsing

Jonker waard ôfrûne simmer skorst as Steatelid fanwegen in klacht yn de priveesfear. Jonker is nei har skorsing mei sykteferlof gien.
Ofrûne woansdei makke Kommissaris fan de Kening Arno Brok noch bekend dat Jonker fan doel is om yn maart wer werom te kommen as Steatelid. Of frou Jonker dat nei dizze útspraak fan de beropskommisje noch dwaan sil, is noch net dúdlik. Jonker wie freed net berikber foar kommentaar.

Ferwûndering

De skorsing fan Jonker soarge foar de nedige ferwûndering en ûnrêst yn har partij en de provinsjale polityk. Jonker stie bekend as in tige trou en warber partijlid.
Ferline jier wie Jonker, tegearre mei Matthijs de Vries, noch ûnderhanneler foar har partij by de kolleezje-ûnderhannelings foar it nije provinsjebestjoer. Earder wie se riedslid foar de ChristenUnie yn de gemeente Kollumerlân en wethâlder yn Achtkarspelen.