Liveblog | 3 maart

Harm Visser wint Marathon Cup | Froulju sc Hearrenfean ferlieze fan Telstar

Yn dit blog folgje we it Fryske sportnijs fan dit wykein.

Lêst bywurke: 3 maart, 19:57
snein 3 maart
19:57

Harm Visser wint Marathon Cup mei njoggende oerwinning

Orange
Ofbylding as yllustraasje © Orange Pictures
Harm Visser fan De Westereen hat sneintemiddei yn Ljouwert syn njoggende oerwinning fan it seizoen behelle yn de Marathon Cup. Dêrmei is hy mei oermacht kampioen wurden by de manlju, foar it twadde jier op rige.
"Dit is hiel spesjaal, dit wurdt hiel dreech om nochris te dwaan", sa fertelde Visser nei ôfrin oan Schaatsen.nl.
19:18

Froulju sc Hearrenfean ferlieze fan Telstar

Wer in nederlaach foar de froulju fan sc Hearrenfean. De fuotbalsters ferlearen fan 'e middei mei 2-1 de útwedstriid tsjin Telstar.
Twa doelpunten fan Isa Gomez waarden sc Hearrenfean úteinlik fataal. Dewi Snippe rêde noch wol de eare mei it iennige Feanster doelpunt.
sc Hearrenfean bliuwt troch de nederlaach hielendal ûnderoan de earedivyzje stean.
14:01

Merel Bosma slút karriêre ôf mei achtste plak

Merel Bosma fan It Hearrenfean
Merel Bosma fan It Hearrenfean © Orange Pictures
Merel Bosma fan It Hearrenfean is yn de lêste wedstriid fan de Marathon Cup achtste wurden. Sy ried yn Ljouwert hjoed har lêste wedstriid.
Irene Schouten wûn de race en sleat sa har karriêre ôf mei de oerwinning.
Yvonne Nauta, dy't ek ôfskied naam fan it riden hjoed, en Kim Talsma foelen al betiid yn de race út.
Marijke Groenewoud die net mei, sy is hjoed ôfset nei it Dútske Inzell, dêr't fan 7 oant en mei 10 maart it WK Allround en Sprint plak hat.
10:00

Peter de Vries bliuwt langer lieder fan suksesfolle maratonploech

Peter de Vries
Peter de Vries © Orange Pictures
Peter de Vries (56) fan It Hearrenfean bliuwt twa jier langer ploechlieder fan de maratonploech fan Jumbo-Visma. De âld-maratonrider hat him oant healwei 2026 bûn oan it team. De Vries is al sûnt de oprjochting fan de maratonploech yn 2020 harren lieder.
"It is altyd moai as je in stik wurdearring krije fan de sponsor út", seit De Vries. "De gearwurking foldocht fan beide kanten goed en ik haw wille yn dat wat ik doch."
De ploech behelle dit seizoen acht oerwinningen op keunstiis en twa op natueriis. De Maraton Cup gie boppedat foar it twadde jier op rige nei rider Harm Visser fan de Westereen. "Ik kin planút sizze dat dit it suksesfolste seizoen west hat oant no ta."
De Vries soe graach ek de NK-titels fan de maraton op natuer- en keunstiis binnenslepe, dat is Jumbo-Visma oant no ta noch net slagge.
sneon 2 maart
21:46

Snits is kopposysje kwyt nei thúsferlies

follybal
Nynke Oud fan Friso Snits yn de wedstriid tsjin Apollo 8 © Dijks Media
De follybalsters fan Friso Snits binne tsjin in gefoelich ferlies oanrûn yn de kampioenspûl. Apollo 8 wie yn de Sneker Sporthal mei 3-1 te sterk en nimt de kopposysje oer.
Nei it ferlies yn de earste set, pakte Snits de swierbefochten twadde set noch wol. Dêrnei wie Apollo lykwols dúdlik better: 21-25, 27-25, 13-25, 20-25.
It wie de twadde wedstriid yn de A-pûl foar beide ploegen. Omdat Snits as earste einige wie yn de reguliere kompetysje, naam de klup de measte punten mei nei de A-pûl.
Ferline wike wûn Snits de earste wedstriid yn dy kampioenspûl noch, mei 3-1 fan Zwolle. Troch it ferlies fan hjoed sakket Snits nei it twadde plak. De top-twa nei seis wedstriden slacht de kwartfinales fan de play-offs oer en streamt lyk troch nei de heale finale. Mocht Snits tredde of fjirde wurde, dan is in kwartfinale noch wol nedich.
Ferline jier wûn Snits foar it earst sûnt 2016 de titel.
20:25

Ienfâldige winst foar LDODK

ldodk
Marlou Kuiper, Ran Faber en Marjolijn Kroon fan LDODK © Orange Pictures
Yn de Kuorbal League hat LDODK ienfâldich wûn fan de nûmer lêst KCC. Yn Capelle aan den IJssel waard it 22-13 foar de Gordyksters, dy't dêrmei dield koprinner bliuwe.
Femke Faber wie topskutter foar de Friezen, mei fiif treffers.
Mei noch trije wedstriden te gean is LDODK al wis fan de play-offs om de lânstitel. De ploech stiet dield earste en spilet de kommende wiken noch tsjin de nûmer trije KZ, mei-koprinner PKC en DOS'46.