Pine sit djip by stakers Accell: "Ik wurkje hjir al 34 jier mei hert en siel"

Batavus
It fabryk fan Accell © CAMJO Media
Fytsefabrikant Accell wurdt it net iens mei de fakbûnen oer in plan om op It Hearrenfean 100 oant 150 banen te skrassen. Underhannelingen binne fêstrûn, en wurknimmers ha it wurk dellein.
In grut part fan de produksje wurdt nei Hongarije en Turkije ta helle, om de konkurrinsjeposysje fan it bedriuw te ferbetterjen. Accell wol op It Hearrenfean allinne noch bakfytsen en 'high end' fytsen meitsje.

Een harde boodschap

De reorganisaasje is nedich "om concurrerend te blijven onder deze moeilijke marktomstandigheden". Dat seit direkteur Michiel Hogerhuis fan Accell.
"Dit was een harde boodschap voor onze medewerkers omdat dit niet zonder verlies van arbeidsplaatsen gaat."
It fabryk op It Hearrenfean
It fabryk op It Hearrenfean © CAMJO media
Accell wol graach fierder mei de ûnderhannelingen. "Er ligt een buitengewoon stevig bod, zeker wanneer je onze situatie en de algemene omstandigheden in de fietsbranche in ogenschouw neemt", seit Hogerhuis.
Der binne yntusken 16 bedriuwen út de regio dy't 100 minsken oernimme wolle, seit Hogerhuis, mar trochdat de ûnderhannelingen no fêstrûn binne, is dat der noch net fan kaam, seit er.
Ik tink net dat dit goed komt
Wietse van der Wal wurket al 48 jier by Accell
Der wurkje yn totaal 320 minsken by Accell op It Hearrenfean. Se meitsje ûnder oare fytsen foar Batavus en Sparta.
"It docht wol sear", seit Wieger de Jong. "Ik wurkje al 34 jier by Batavus, en ha altyd myn hert en siel deryn stutsen. Mar as ik no yn de auto stap, dan tink ik: wêr doch ik it foar?"
"As ik no yn de auto stap, dan tink ik: wêr doch ik it foar?"
Wietse van der Wal wurket noch langer by Accel: 48 jier. "Ik ha myn diel wol bydroegen oan dit bedriuw", seit er.
Hy hat al hiel wat stakingen meimakke, mar dizze fielt oars. Accell is twa jier lyn oernaam troch in ynternasjonale ynvestearringsmaatskippij.
Van der Wal hat dêr gjin fertrouwen yn. "Ik tink net dat dit goed komt. Ik ha it idee dat we no by it ein sitte fan dit bedriuw."
Wietse van der Wal wurket al 48 jier by Accell: "Foar my makket it net safolle mear út"
Van der Wal moat noch twa jier wurkje. "Foar my makket it net safolle mear út. Mar der binne ek minsken dy't noch wat opbouwe moatte, dy't in hûs ha en in gesin."
"Foar dy minsken hoopje ik dat it bedriuw bestean bliuwt. Dan meie se my der wol út sette. Ik ha myn tiid hjir wol hân."