Liveblog | 1 maart

112-nijs 1 maart: Slachtoffer (24) oanriding A7 ferstoarn | Plysje ûndersiket oanfarring by Grou

Hjir hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 1 maart, 16:49
16:49

Slachtoffer ûngelok A7 by Drachten ferstoarn

ungelok drachten
De helptsjinsten op it plak fan it ûngelok © Persbureau Meter
In 24-jierige man út Grou dy't healweis febrewaris swierferwûne rekke by in ûngelok op de A7 is yn it sikehûs ferstoarn. Dat meldt de regionale nijsside De Grouster.
De man rekke by Drachten mei syn auto yn de slip doe't er ûnderweis wie nei in ôfspraak yn yn Grins. Syn auto kaam dwers op de dyk te stean en waard dêrnei rekke troch in oare auto.
15:24

Oanfarring PM bepaald net de earste

Skip
De stjoerhut fan it skip is bot fernield © CAMJO Media
It is de twadde kear yn in moanne tiid dat in skip in brêge ramt op it Prinses Margrietkanaal.
Begjin febrewaris wie der in oanfarring by Skûlenboarch. Dy brêge is no noch hieltyd net te brûken troch minsken dy't der oerhinne moatte.
15:11

Römer komt werom op berop yn sedesaak

Thijs
Thijs Römer yn de rjochtbank © ANP
Akteur Thijs Römer giet net yn heger berop yn de online sedesaak dy't tsjin him rûn. Dat meldt syn advokaat. Earder hie Römer sein dat er wol yn heger berop gean soe.
Römer hat in selstraf krigen fan in moanne, doe't er yn augustus feroardiele feroardiele waard foar online sededelikten mei trije minderjierrige famkes. Ien fan dy famkes komt út Fryslân.
14:53

Treinen ride wer

Medewerkers van ProRail repareren de lampen van de brug
Meiwurkers fan ProRail meitsje de lampen fan de brêge © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Tusken Akkrum en Ljouwert wurdt it treinferkear wer opstart. Dat meldt de NS.
Neffens ferslachjouwer Hayo Bootsma, dy't op it plak fan de oanfarring is, liket it derop dat der gjin strukturele skea is oan de brêge. Wol binne der in pear lampen stikken.
14:37

Plysje ûndersiket oarsaak

Plysje
Plysjeminsken oan board fan it skip © CAMJO Media
De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de oanfarring. Dat meldt in wurdfierder fan de plysje. Dy befêstiget ek it eardere berjocht dat der gjin minsken ferwûne rekke binne.
14:18

Rykswettersteat: Skipfeart hat gjin lêst fan oanfarring

BTB
De brânwacht ûnderweis nei de oanfarring by Grou © BTB Fotografie
De skipfeart op it Prinses Margrietkanaal hat gjin lêst fan de oanfarring. Dat meldt in wurdfierder fan Rykswettersteat. Der lizze gjin brokstikken yn it wetter.