Peazemer kwelder yn in wittenskiplik wetterslachbad: "Hartstikke bysûnder"

In baantsje lûke yn de Deltagoot falt net oan te befeljen, it weaget der flink om wei
In baantsje lûke yn de Deltagoot falt net oan te befeljen, it weaget der flink om wei © RTV NOF | Ben de Jager
In stik útgroeven kwelder yn in wetterslachbad, dat is it. By technologysk ynstitút Deltares wurdt op dit stuit test watfoar rol de bûtendykse Peazumerlannen spylje yn de wetterkearing.
Yn septimber is in stik fan de kwelder by Peazens-Moddergat ôfgroeven en nei it kennisynstitút yn Delft brocht. Dêr wurdt de grûn yn de saneamde 'Deltagoot' ûnderwurpen oan flinke wetterslaggen.
Troch in stoarm nei te meitsjen, kin metten wurde wat der mei kwelders en de njonkenlizzende diken bart by ekstreme omstannichheden.
"Wat we hier nu zien zijn condities die we ook vaak in het veld zien. Eén van de proeven die we uitvoeren is een superstorm", fertelt projektlieder Vera van Bergeijk fan Deltares. Der wurde weagen fan twa, trije meter hichte op de stikken kwelder loslitten.

Gigantyske goate

De Deltagoot is 300 meter lang, 9,5 meter djip en 5 meter breed. Der wurdt wetter trochhinne treaun om weagen nei te dwaan. Yn de goate lizze leafst 66 blokken grûn fan twa by twa meter en 45 sintimeter djip.
Der wurdt metten hoe rap der sprake is fan eroazje. Alle dagen wurdt de goate ek wer lege, sa't de planten genôch ljocht krije kinne.
Grutte blokken mei kweldergrûn
Grutte blokken mei kweldergrûn © Omrop Fryslân
Om de resultaten te ferlykjen wurde der ek fjildtesten dien nei de fegetaasje yn de omkriten fan Peazens. Undersikers fan it Living Dikes-projekt hawwe ek mei de stoarm op de dei foar de krystdagen de druk by de Waaddiken metten.

Wrotmûssaboteur

It ûndersyk rûn al efkes in pear moannen fertraging op, want it die bliken dat de wrotmûs meilifte wie fan Peazens nei Delft. Troch it gegraaf fan de mûskes wie de grûn net mear geskikt foar de proef.
In wrotmûs (argyfbyld, net ien fan de dieders)
In wrotmûs (argyfbyld, net ien fan de dieders) © ANP
De bakken mei kweldergrûn en fegetaasje moasten ferfongen wurde troch tsien nije blokken. Ek by Holwert soe noch wat grûn weihelle wurde.

Effekten ûnderbouwe

Deistich bestjoerder Frank Jorna fan Wetterskip Fryslân fynt it wakker nijsgjirrich. "Dit is hartstikke bysûnder fansels."
Jorna leit út wat no krekt it doel is fan dizze testen. "Weagen kinne troch de kwelders brutsen wurde, mar hoefolle effekt dat hat, dat binne wy no wittenskiplik oan it ûnderbouwen."
Wy hawwe in enoarm stik foarlân oan kwelder. As wy dat ynsette kinne om de dykfersterking minder swier út te fieren, dan kin dat miljoenen euro's skele.
Frank Jorna, Wetterskip Fryslân
As bliken docht dat de kweldergrûn in substansjele ynfloed hat, soe it kinne dat de wetterkearing wat minder sterk oplutsen hoecht te wurden.
"Wy hawwe in enoarm stik foarlân oan kwelder. As wy dat ynsette kinne om de dykfersterking minder swier út te fieren, dan kin dat miljoenen euro's skele."
Moddergat mei de dyk en it kweldergebiet oan it Waad
Moddergat mei de dyk en it kweldergebiet oan it Waad © ANP
De proef wurdt dien yn gearwurking mei ûnder oare Universiteit Twente, TU Delft en it NIOZ. It lanlike Hoogwaterbeschermingsprogramma folget de proef ek mei ynteresse, seit direkteur Erik Wagener.
"Met zo'n test kunnen we kijken hoe veilig een kwelderkust is en of we overal wel zo fors moeten versterken. Dat zijn heel belangrijke lessen om bij het tempo en de kosten te helpen."

Feiligens op in natuerlike wize

De kommende 30 jier moat der sa'n 2.000 kilometer oan dyk fersterke wurde yn Nederlân. Soks kostet 24 miljard euro. In gigantysk bedrach, dus as kwelders helpe kinne, skeelt dat ek yn de beurs.
It ûndersyk duorret in moanne, de earste resultaten wurde yn juny ferwachte.
Frank Jorna fan Wetterskip Fryslân
Frank Jorna fan Wetterskip Fryslân © Omrop Fryslân
"As it goed útpakt en de útslaggen kinne yn in model setten wurde, dan kin dit ek tige weardefol wêze foar alle oare wetterskippen. De feiligens wurdt op natuerlike wize fergrutte", seit Jorna.