Radar fan Wier is stil genôch en draait wer dei en nacht

De radar fan Wier is oerkoepele
De radar fan Wier is oerkoepele © ANP
It militêre radarstasjon fan Wier draait wer dei en nacht. Dat meldt demisjonêr steatssektretaris Christophe van der Maat fan Definsje yn in brief oan de Twadde Keamer.
Dêrmei set Definsje in wichtige stap om de befeiliging fan it loftrom te garandearjen, seit er. De radar kin fijannige fleantugen en raketten op grutte ôfstân opspoare.
De radar makke earder te folle leven, mar is no stil genôch troch in nije oandriuwing en in koepel dy't deroerhinne set is.

Ruslân en Oekraïne

Troch de driging fan Ruslân en de situaasje yn Oekraïne draaide de radar sûnt maart 2022 dei en nacht. Dat meldt Definsje. Yn it ôfrûne healjier binne der oanpassings oanbrocht. Sa lang hat de radar bûten gebrûk west.
De loft boppe Noard-Nederlân is yn dy tiid bewaakt troch in mobyl radarstasjon fan de NAVO.

Nije radar

Yn Wier stiet al tsientallen jierren in radarstasjon fan definsje. Dat wie ferâldere, en is yn 2020 ferfongen troch in hypermoderne ferzje. Dy soarge lykwols foar in soad oerlêst.
De SMART-L radar yn Wier, hjir noch sûnder koepel
De SMART-L radar yn Wier, hjir noch sûnder koepel © Omrop Fryslân
Omwenners hienen net allinnich lêst fan it lûd, mar makken ek melding fan steuringen yn de wifi, lampen en telefyzjetastellen. Dêrom is der dit jier in koepel oer de radar pleatst.