Twa LDODK-ynternasjonals nimme ôfskied fan topkuorbal

ldodk
Erwin Zwart © Dijks Media
Erwin Zwart en Marjolijn Kroon hâlde nei dit seizoen op mei kuorbal op it heechste nivo. De twa spilers fan LDODK, beide mearfâldich ynternasjonal, ha har ôfskied oankundige.
Zwart (33) spilet al goed trettjin jier yn it earste team fan LDODK. Noait spile er foar in oare feriening. "Op in bepaald stuit is it klear en ik fernim dat dat momint no oansteande is", seit er op de klupwebside.
Kommende simmer wurdt Zwart foar it earst heit. "Dat is fansels ek in belangrike feroaring."
Zwart kaam 30 kear yn aksje foar de nasjonale seleksje. Hy waard twa kear wrâldkampioen, pakte trije Europeeske titels en wûn in kear de World Games.
Lang spile er mei syn broer André yn it earste team fan LDODK. André hold foarich jier op.

Mear tiid foar oare avontueren

Kroon (32) hold yn 2021 ek al op, mar kaam doe werom. Dat is se no net wer fan doel. "Ik merk aan alles dat het moment van afscheid voor mij nu wel is gekomen."
Dat komt omdat it allegear net mear fansels giet. "Het herstellen van een wedstrijd kost meer tijd. Ik zit heel goed in mijn vel en daardoor merk ik ook dat ik in mijn leven tijd wil maken voor andere avonturen."
orange
Marjolijn Kroon en Erwin Zwart © Orange Pictures
Kroon spilet sûnt 2016 foar de Fryske kuorbalklup. Earder waard se al lânskampioen yn de seal en op it fjild. Se spile ek 51 ynterlannen. Mei Oranje waard se trije kear wrâldkampioen, trije kear Europeesk kampioen en wûn se twa kear de World Games.

In geweldige ôfsluter?

LDODK stiet op it stuit dield earste yn de Kuorbal League. Kommend wykein hat de klup de kâns om him te pleatsen foar de play-offs. De finale fan de play-offs is, sa as altyd, yn Ahoy. "Dat soe in geweldige ôfsluter wêze", seit Zwart.