Riedsleden Hearrenfean baarne har net oan azc-lokaasje: wethâlder wer oan set

Spandoeken by Thialf tsjin de komst fan in azc
Spandoeken by Thialf tsjin de komst fan in azc © Dennis Stoelwinder
It kolleezje fan de gemeente Hearrenfean moat mei in nij plan komme foar de lokaasjes fan asylsikerssintra. Dat fynt in grutte mearderheid fan de gemeenteried.
Hearrenfean-West, dêr't earder sprake fan wie, is gjin opsje en mei ek net op 'e nij ûndersocht wurde, seit de ried.
It plan om Hearrenfean-Noardeast ek út te sluten as lokaasje krige gjin mearderheid. De ried wol alle oare opsjes iepenhâlde foar de komst fan asylsikerssintra.

Wjerstân fan omwenners

Hearrenfean-West wie de foarkarslokaasje. Yn oparbeidzjen mei de gemeente De Fryske Marren moast dêr (offisjeel op it grûngebiet fan Rottum, mar deun njonken It Hearrenfean) in azc komme foar 450 asylsikers.
Dêrop kaam in protte wjerstân fan omwenners. De ried fan De Fryske Marren naam dêrom earder al ôfskied fan dizze lokaasje.

It moat lytsskalich

Dat makke it maklik foar de ried fan Hearrenfean. Dy wie ek net gelokkich mei de lokaasje oan de westkant.
Omdat de ried net tsjin de komst fan asylsikers is, moat der no socht wurde nei in oplossing. Dat soe kinne yn de foarm fan lytsskalige opfang.
Dat past ek by it tal asylsikers dat neffens de spriedingswet opfongen wurde moat. Foar de gemeente Hearrenfean binne dat der 277.
Wethâlder Gerrie Rozema yn de gemeenteried fan Hearrenfean
Wethâlder Gerrie Rozema beantwurdet fragen yn de gemeenteried fan Hearrenfean © Omrop Fryslân
De fraach dy't no beantwurde wurde moat, is wêr't nei in lokaasje socht wurde moat.
De partijen Heerenveen Lokaal en Gemeentebelangen Heerenveen wolle twa lokaasjes yn alle gefallen net: dy yn West en dy yn Noardeast. Dy lêste omdat yn de wyk in GGZ-ynstelling sit, in sikehûs en opfang fan Oekraynske flechtlingen.
Beide partijen wolle ek dat der earst goed praat wurdt mei de buert foardat der in definityf beslút naam wurdt oer de komst fan in azc.
"Wy hechtsje oan transparânsje en partisipaasje yn it foar", seit fraksjefoarsitter Age Hartsuiker fan Heerenveen Lokaal. De FNP sjocht it leafst in wiksellokaasje: om de trije jier in oar plak.

Nij útstel

In mearderheid yn de ried wol dat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders komt mei in nij foarstel. It moat dan gean om op syn minst twa lokaasjes.
Alle lokaasjes útsein Hearrenfean-West binne besprekber, der moat allinnich wol goed rekken hâlden wurde mei de druk dy't in opfang jout op in doarp of wyk.
Als Noordoost uitgesloten is, dan is de kans op in azc in Heerenveen erg klein.
Wethâlder Gerrie Rozema
Wethâlder Gerrie Rozema sjocht it leafst dat de ried hielendal gjin lokaasje útslút. "Er zijn heel weinig locaties die dan voldoen. Als Noordoost uitgesloten is, dan is de kans op in azc in Heerenveen erg klein."
Neffens Rozema kin Noardeast in goede opsje wêze foar in lytsere lokaasje. Seker at der sjoen wurdt nei in sintrum mei in 100 bewenners.

It Hearrenfean-Noard

Der binne noch twa lokaasjes yn Hearrenfean-Noard dêr't nei sjoen wurde kin. Dêr soe op beide plakken in lytser sintrum komme dat plak biedt oan 150 asylsikers.
Rozema wol de gong der wol yn hâlde, mar warskôget ek dat it dreech wurde kin om foar de simmer mei goede lokaasje-opsjes te kommen.