Reinbôgebeslút komt hurd oan: "Ik krij alle dagen skelwurden en haatreaksjes"

De ferdieldens yn de Steaten docht de lhbtiqa+-mienskip gjin goed
De ferdieldens yn de Steaten docht de lhbtiqa+-mienskip gjin goed © Shutterstock.com (Pereslavtseva Katerina)
It is in klap yn it gesicht fan de reinbôgemienskip, dat de provinsje Fryslân gjin jild mear stekt yn aktyf reinbôgebelied.
De teloarstelling oerhearsket, no't it oerlis yn Provinsjale Steaten mislearre is. Jild dat ornearre wie foar lhbtqia+-akseptaasje giet no de algemiene pot wer yn.

Fêstbûn en yn mekoar slein

Foar Wietze Hoekstra út De Trieme, bekend as dragqueen Curvalicious Diamond, is it beslút in flinke tebeksetter. By in eardere kommisjegearkomste fertelde er syn persoanlike ferhaal. Hy is eartiids op skoalle fêstbûn en yninoar slein.
"Ik ha besocht mei myn ferhaal in bytsje yndruk te meitsjen op de minsken en te sizzen: it giet hielendal net sa bêst mei Fryslân."
Teloarstelling oerhearsket by dragqueen Curvalicious Diamond
"Ik hear noch alle dagen skelwurden en minsken dy't my neiroppe, of ik sjoch haatreaksjes foarby kommen op 'sosjale' media. It is nedich om mei-inoar sjen te litten dat it wichtich is om minsken libje te litten sa as se binne", seit Hoekstra.
Ynklusiviteit heart neffens him ek by Fryslân en dêr moat de provinsje in rol yn spylje.

"Hup, werom de kast yn"

De útkomst yn de Steaten kaam as in ferrassing. De politieke partijen praten earder noch ôf dat se mei mekoar in foarstel meitsje soene foar in Frysk reinbôgebelied.
Twa ferskillende foarstellen ha it úteinlik net helle. En dat betsjut fjouwer kear yn it jier in wapperjende reinbôgeflagge by it Provinsjehûs sûnder struktureel jild foar belied.
Sipke Jan Bousema hat him der bot foar ynset om de Steaten te oertsjûgjen
Sipke Jan Bousema hat him der bot foar ynset om de Steaten te oertsjûgjen © Omrop Fryslân
Sipke Jan Bousema hat him bot ynsetten foar de beskerming fan it reinbôgebelied. Ferskate aksjes en ynsprekkers, in grutte advertinsje yn de kranten, in billboard by de dyk, der waard fan alles besocht, mar it mocht net helpe.
Bousema is is ferbjustere. "De wurden fan de provinsje binne net folle wurdich, want dy komme se net nei. En dan wol dy flagge wapperje en sizze dat dat genôch is. It is net genôch."
Fryslân waard yn 2020 in Reinbôgeprovinsje, mar sûnder dêr aktyf oan te wurkjen en jild yn te stekken, is dat mar in holle fraze, fynt Bousema.
Se skowe de feiten ûnder it kleed, seit hy. "'Hup, werom de kast yn.' Dit is in minne saak, foar alle Friezen", seit Bousema.

Provinsje hoecht net alles te dwaan

"Het is vooral triest dat je 'nee' zegt. Dat komt als afwijzing naar de gemeenschap toe heel hard aan", seit Mirka Antolovic, direkteur fan diskriminaasjemeldpunt Tûmba.
Wat de reinbôgemienskip neffens har nedich hat, is in rezjyrol fan de provinsje, sadat minsken witte wêr't se help sykje moatte.
"Als je verschillende gevallen gelijk behandelt, is dat discriminatie"
"Het is niet zo dat de provincie alles moet aanjagen en alles moet doen. Er zijn betrokken groepen in Friesland die hiermee aan de slag zijn."
Tûmba jout dizze minsken net op en wol yn petear bliuwe mei de polityk. "Ik hoor de verschillende partijen zeggen: 'laten we een breed inclusiebeleid voeren'. Ja, kom daar dan mee. Ik zit te wachten."
"Een regenboogbeleid is wel onderdeel van inclusiebeleid, dat kun je niet wegvegen. Deze mensen zijn er." Antolovic hopet dat de provinsje sjen litte sil der foar eltsenien te wêzen. "Ik denk niet dat iemand ontkent dat dit nodig is."