Tsientallen ûntslaggen by suveringsspesjalist yn Balk

Paques gebou
It gebou fan Paques yn Balk © Google Streetview
It bedriuw Paques yn Balk skrast mear as 40 arbeidsplakken. It giet om in in reorganisaasje. Dat meldt it bedriuw.
Dat soe nedich wêze omdat it bedriuw te krijen hat mei in weromrinnende omset wylst de kosten omheech geane.

Produksje en montaazje

It bedriuw is spesjalisearre yn techniken dy't wetter en gas suverje en rint al jierren foarop yn dit wurk. Yn Balk hâldt Paques no op mei produksje en montaazje yn eigen behear.
"De reorganisatie heeft als doel om de divisie weer financieel gezond te maken en een gunstigere positie te creëren in de sterk concurrerende Europese markt", meldt direkteur Klaas van de Poppe yn in parseberjocht.

Negative gefolgen

Van de Poppe seit ek dat er him realisearret dat de reorganisaasje negative gefolgen hat foar de belusten meiwurkers. It bedriuw praat dêroer mei de fakbûnen.
Foar in taljochting by Omrop Fryslân wie it bedriuw net beskikber.