"Songfestivalynstjoering fan Joost Klein komt in jier te let"

Joost Klein by de presintaasje fan syn nûmer
Joost Klein by de presintaasje fan syn nûmer © ANP
Mei 'Europapa' fan Joost Klein brekt AVROTROS mei in trend. De lêste jierren keas de omrop dy't ferantwurdlik is foar de Nederlânske ynstjoering fan it Eurovisie Songfestival faak foar in ballade sûnder in al te grutte show.
It happy-hardcoreferske fan Klein is wat dat oanbelanget it tsjinoerstelde fan wat we de lêste jierren fan Nederlân sjoen hawwe by de grutste muzykwedstriid fan de wrâld.
Dizze ûntwikkeling kin net los sjoen wurde fan it feit dat de sjuerys net mear meistimme yn de heale finales. Dat betsjut dat allinnich it publyk bepaalt hokker lannen trochgean nei de finale.
Arjen Visser folget it Eurovisie Songfestival al jierren. Hy makket elts jier analyzes fan hoe't der stimd is en wat de ferhalen binne efter de útslaggen.
En it is no ien kear sa dat it publyk earder stimt op acts dy't opfalle. Sa besjoen is it net frjemd dat de seleksjekommisje by Joost Klein útkaam.
De Britsumer springt yn it each en hy stiet derom bekend dat hy in show delsette kin dy't minsken ûnthâlde.

Lannen fiskje yn deselde fiver

Mar Nederlân is net it iennige lân mei dizze gedachtegong. Fan Ierlân oant Finlân en fan Estlân oant Kroäsië, allegear stjoere se in opfallende act.
Sawysa is fierwei it grutste part fan de oant no ta keazen ferskes up-tempo. De rêstigere nûmers binne op ien hân te tellen.
Sûnt juster stiet Kroäsië boppe-oan by de wedkantoaren. Fia in nasjonale seleksje keas it lân Marko Purisic, better bekend ûnder syn artystenamme Baby Lasagna. Syn ferske 'Rim Tim Tagi Dim' giet oer jongelju dy't Kroäsië ferlitte fanwegen bettere kânsen yn it bûtenlân.
It ferske is absurdistysk ynstutsen, mei in soad spektakel op it poadium. Der binne dúdlike gelikenissen mei de publykswinner fan ferline jier, 'Cha cha cha' fan de Finske Käärijä.
De Finnen sels geane dit jier op deselde toer, mei Windows95Man en syn nûmer 'No rules', in ferske dat it sawat folslein hawwe moat fan in komyske poadiumpresintaasje. It boadskip fan it ferske is om alles net sa serieus te nimmen.
Dizze lannen fiskje allegear wat yn deselde fiver. It is dêrom mar de fraach oft 'Europapa' dit jier optimaal ta syn rjocht komt.
It ferske hie der ferline jier folle mear útsprongen as dizze kear it gefal is. Je soenen dus stelle kinne: Joost Klein komt in jier te let.

In echt ferhaal

Is 'Europapa' dan folslein kânsleas? Dat is wat tekoart troch de bocht. Klein hat keazen foar in ferske dat wat tagonkliker klinkt as in soad fan syn oare wurk. Boppedat hat hy echt in ferhaal te fertellen.
En ek al is 'Europapa' foar it grutste part yn it Nederlânsk, as hy syn gefoel yn it ferske lizze kin, dan kin it yn hiel Europa oanslaan.
Tink bygelyks oan de Portugeeske Salvador Sobral dy't yn 2017 wûn mei 'Amar pelos dois'. It grutste part fan Europa hat der miskien gjin wurd fan ferstien, mar dochs koe Sobral it publyk reitsje.
En in oare faktor dy't yn it foardiel fan Klein sprekt: 'Europapa' ferdielt minsken: de ien fynt it geweldich, de oar fynt it ferskriklik. Minsken dy't der tuskenyn sitte, binne flink yn de minderheid.
Dat klinkt miskien ûngeunstich, mar je kinne better de favoryt fan fiif minsken en de nûmer lêst fan tsien oaren wêze as de nûmer fjouwer fan fyftjin minsken. Want mei útsûndering fan de echte songfestivalfans sil it grutste part fan it publyk dochs foaral op har favoryt stimme.

Wat sizze de bookmakers?

It earste doel fan Joost Klein sil it berikken fan de finale wêze. It foarútsjoch liket wat dat oanbelanget goed. Nederlân hat in geunstige lotting mei ûnder mear Eastenryk, Switserlân en België, dêr't Klein al bekend is.
Boppedat stimme ek Denemarken en Estlân mei yn Klein syn heale finale, dat binne lannen dy't faak in soad punten jouwe oan de Nederlânske ynstjoering.
Ek posityf: 'Europapa' is yn in dei tiid al mear as 2 miljoen kear besjoen op YouTube, folle mear as syn konkurrinten.
In finaleplak liket dus grif mooglik, mar in einoerwinning is net fuortendaliks te ferwachtsjen.
De wedkantoaren, dy't it oer it algemien wol aardich ynskatte kinne, pleatse Nederlân foarearst op it tweintichste plak. Dêr moat lykwols wol by oantekene wurde dat dit noch bot feroarje kin as bekend wurdt hoe't de act der op it poadium útsjen sil.