WTC Ljouwert wer tydlik opfang om Ter Apel te ûntlêsten: “Geen makkelijke beslissingen”

In bus mei flechtlingen by it WTC yn Ljouwert
In bus mei flechtlingen by it WTC yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
It WTC-kompleks yn Ljouwert wurdt wer tydlik in opfanglokaasje foar asylsikers. Dat is om it oanmeldsintrum fan Ter Apel te ûntlêsten. Der sille maksimaal 250 asylsikers yn it WTC ferbliuwe.
It COA hat it kolleezje fan B&W driuwend fersocht om it WTC tydlik wer yn gebrûk te nimmen as in saneamde oerrinlokaasje. Boargemaster Buma en wethâlders hawwe dêr gehoar oan jûn. It WTC sil as opfanglokaasje yn gebrûk wêze fan 18 maart 2024 oant en mei 5 jannewaris 2025.
De asylsikers ferbliuwe koarte skoften yn de hal, maksimaal tsien dagen. Dêrnei kinne se werom nei Ter Apel dêr't har registraasjeproses ôfmakke wurdt.
It COA wol boppedat ek asylsikers opfange dy't al fierder yn it oanmeldproses binne, mar gjin oar plak hawwe. Dy ferbliuwe maksimaal tweintich dagen yn it WTC.
It ynrjochtsjen fan de WTC-hal fjouwer jier lyn
It ynrjochtsjen fan de WTC-hal fjouwer jier lyn © ANP
"Dit zijn geen makkelijke beslissingen", seit wethâlder Nathalie Kramers fan Ljouwert. "Ook omdat er het nodige over te doen is geweest over het WCT. Is dit nu een geschikte plek voor vluchtelingen om lang te verblijven? Dat vinden wij als gemeente niet."

"Hartstikke nodig"

Der is gjin deiljocht en privacy is der ek net goed garandearre. "Daarom zijn we ook heel duidelijk geweest: in eerste instantie maximaal tien dagen. Al er daarna echt nog geen plek is en de mensen in Ter Apel zijn geweest voor hun registratie, mogen ze nog één keer terugkomen voor twintig dagen. Maar dan is het ook echt klaar in de hal."
Wethâlder Kramers neamt it wol 'hartstikke nodig.' "We kennen de berichten uit Ter Apel. De rechter heeft gezegd dat daar echt niet meer dan 2.000 vluchtelingen mogen verblijven. Dus het COA is nog steeds dringend op zoek."
Wethâlder Nathalie Kramers fan Ljouwert
Wethâlder Nathalie Kramers fan Ljouwert © Omrop Fryslân
Yn it WTC wurde allinne by need bern opfongen, as der gjin better plak is en it net oars kin. It COA betellet hier oan it WTC en regelet fierder alles wat nedich is. De buert wurdt ynformearre, neffens wethâlder Kramers sit it wol goed mei it draachflak.

Gjin lang ferbliuw

De gemeente Ljouwert fynt de lokaasje net geskikt foar in lang ferbliuw. It COA hat lykwols witte litten dat ek de trochstream fan registrearre asylsikers nei in COA-lokaasje noch altyd stûket. Ljouwert hat oanjûn op dit punt meiwurkje te wollen oan in oplossing.
Needopfang asylsikers WTC flechtlingen Ljouwert
Needopfang yn Ljouwert (argyfbyld) © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
De gemeente hoecht gjin ûnderwiis en soarch beskikber te stellen omdat de asylsikers mar foar koarte tiid op de lokaasje ferbliuwe.
Ljouwert hie earder de ferwachting dat de opfanglokaasje maksimaal in healjier nedich wêze soe, oant april 2024, mar dêr wurdt dus op weromkaam.