Liveblog | 29 febrewaris

112-nijs 29 febrewaris: Plysje siket útnaaide man nei ûngelok op A6 by De Lemmer

Hjir hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 29 febrewaris, 22:43
22:43

Dyk wer iepen

De A6 is yntusken wer folslein iepen. Der is noch gjin berjocht oer dat de plysje de útnaaide man alwer fûn hat.
21:26

Man belutsen by ûngelok mooglik útnaaid

De plysje siket in man yn spikerbrûk en T-shirt dy't nei it ûngelok by De Lemmer útnaaid wêze soe. Mooglik is de man ûnder ynfloed. Der is in Burgernet-melding útjûn, wêryn't oproppen wurdt om 112 te beljen as minsken de man sjogge.
De dyk is noch hieltyd ticht.
21:10

A6 by De Lemmer ticht nei ûngelok

ungelok
Ien fan de belutsen auto's by it ûngelok by De Lemmer © ProNews
De A6 by De Lemmer is ticht yn noardlike rjochting nei in ûngelok. Tusken ôfslach-16 (Bant) en ôfslach-17 (De Lemmer) stiet in file. It ferkear wurdt omlaat oer de ôf- en oprit by De Lemmer.
Tsjûgen melde dat trije auto's mei elkoar yn botsing kaam wienen.
16:28

Twa huzen yn Ljouwert sletten fanwegen himpkwekerijen

Yn Ljouwert bunne twa huzen sletten yn ferbân mei himpkwekerijen. It giet om wenningen oan de Telemannstraat en it Zenegroen. Yn it hûs oan de Telemannstraat waarden 207 himpplanten en 235 gram himp fûn. It hûs oan de Telemannstraat joech ûnderdak oan 650 himpplanten.
Yn beide gefallen waard de stroom yllegaal ôftape en koe der yn jannewaris in ynfal dien wurde nei in melding by de plysje. De gemeente hat de huzen trije moannen sletten, om drugshannel en oerlêst te beheinen. Mei dizze huzen derby is it de sechsde kear dat de boargemaster sa yngrypt nei drugshannel út in pân wei.
12:46

Skoftke treinútfal troch stroomsteuring tusken Zwolle-Meppel

Drokte op it stasjon yn Zwolle, dêr't minsken net mei de trein wei nei it Noarden kinne
Drokte op it stasjon yn Zwolle, dêr't minsken net mei de trein wei nei it Noarden kinne © Lennard Geerts
Der rieden in skoftke gjin treinen fan en nei it suden. Tusken Zwolle en Meppel wie sprake fan in stroomsteuring, wêrtroch't der op dit trajekt gjin treinen fierder koene. De ekstra reistiid wie likernôch in oere. Yn de middei koe de steuring wer oplost wurde.
10:20

Seis oanhâldingen nei de bekerwedstriid Cambuur-NEC

plysje stock
Ofbylding as yllustraasje © Shutterstock.com (Dutchmen Photography)
De plysje hat tiisdeitejûn seis minsken oanhâlden nei de bekerwedstriid Cambuur-NEC. Guon minsken hawwe stikkensleine stoeptegels en flessen yn de rjochting fan de plysje smiten.
De oerlêst begûn yn de twadde helte en de ferlinging. Hieltyd mear minsken sammelen by it stadion. Ungefear hûndert persoanen stiene by de rûte del dêr't de besikersbus del moast. Dêr waard fjoerwurk ôfstutsen en stoeptegels út de grûn helle. De plysje hat doe besletten de busrûte te feroarjen.
Doe't de bussen de stêd út wiene kearde in diel fan de omstanners har tsjin de plysje en begûn mei tegels en flessen te smiten. Dat barde om de Ahornstraat hinne.
Fiif persoanen binne oanhâlden foar iepenlik geweldpleging. Trije dêrfan komme út Ljouwert: twa fan 19 jier âld en ien fan 18 jier âld. De oare twa jonges komme út Ljouwert en De Jouwer, beide wiene minderjierrich. Sy binne nei in ûnderfreging wer fuortstjoert mar bliuwe fertochte yn it ûndersyk.
In 33-jierrige man fan Ljouwert is ek oanhâlden. Hy hold him net oan it gebietsferbot dat him oplein wie.