Sherida Spitse mist Spelen, mar: "wie weet ben ik er over vier jaar nog wel"

Sherida Spitse
Sherida Spitse © Orange Pictures
Sherida Spitse en Kerstin Casparij hawwe harren net pleatst foar de Olympyske Spelen, no't se yn Oranje mei 2-0 fan Dútslân ferlern ha.
"Dit is wel een klap, ja," seit Spitse. Se baalt flink, al relativearret se it ek fuort. "Ik kan wel op de bank zitten huilen, maar zo'n type ben ik niet. Maar dat het pijn doet, zal ik nog wel een paar weken voelen."
Sherida Spitse mist de Spelen nei nederlaach tsjin Dútslân
By Kerstin Casparij komt de nederlaach hurd oan. "We zijn nu vooral heel stil. Het is ook heel stil in de kleedkamer."
Dútslân begûn better oan de wedstriid yn it Abe Lenstra Stadion en krige yn de begjinfaze in pear kânskes. Nederlân, mei Spitse en Casparij yn de basis, wie wat sleau.
Sydney Lohmann rekke mei in ôfstânskot de peal foar Dútslân yn de 25e minút. Fiif minuten foar de rêst koe Giulia Gwinn allinnich op keeper Daphne van Domselaar ôfgean, mar waard se krekt op tiid blokt troch Lieke Martens.
Sa wie de kânseferhâlding yn de earste helte dúdlik yn it foardiel fan Dútslân, mar de rêststân wie 0-0.
Kerstin Casparij passearret Lena Oberdorf fan Dútslân
Kerstin Casparij passearret Lena Oberdorf fan Dútslân © ANP
Lea Schüller kaam nei de rêst yn it fjild en skoarde al nei trije minuten. It wie lykwolks krekt bûtenspul.
Nederlân kaam efkes better yn it spul, mar Dútslân skoarde. Yn de 66e minút wie it Klara Bühl dy't mei in skot yn de fiere hoeke de terjochte 0-1 makke. De 2-0 hong dêrnei yn de loft. It waard in ynkopperke foar Schülle.

Niet heel slecht

Eins siet it der noait echt yn foar Oranje. Al sjocht Spitse dat net hielendal sa. "Het was niet heel slecht. Het was de hele tijd net niet. Te slordig. Maar we hebben te veel achter de bal aangelopen."
Kerstin Casparij wit net krekt wêr't it oan lei. "Ik weet het eerlijk gezegd niet echt. Het ging zo snel. Ik denk dat we gewoon niet goed genoeg waren."
Kerstin Casparij baalt: "Het is heel stil in de kleedkamer"
Foar Spitse hie it net de earste kear west dat se nei de Spelen mocht. Trije jier lyn pleatste se har mei Nederlân al foar de Spelen, mar krekt foar it toernoai rekke se blesseare.
Dat wie foar de Nederlânske fuotbalfroulju de earste kear dat se harren pleatsten foar de Spelen.
Spitse is no 33 jier, mar se fielt har fysyk noch altyd top. "Ik ben een type dat altijd doorgaat. Ik heb heel veel mooie dingen meegemaakt. Dat dit niet doorgaat. Tja, het is wat het is."

Spelen fan 2028?

De kans dat se de Spelen fan 2028 hellet achtet se sels net sa hiel grut. Hoewol: "Als ik me zo voel, zoals ik me nu voel, dan ga ik nog heel lang door."
"Maar we moeten wel realistisch zijn. Maar ik denk dat die kans klein is. Anderen komen eraan. Maar ik geef nooit op. Voor mijn land spelen, is het mooiste wat er is. Wie weet ben ik er over vier jaar nog wel."