Steatssekretaris Vijlbrief krijt driuwende fersiken mei út Fryslân: "Boarje hjir net mear nei gas"

Vijlbrief yn Harns
Hans Vijlbrief yn Harns © Omroep Zilt, Richard de Boer
By petearen oan de Fryske Mynboutafel, in oerlisorgaan fan Fryske gemeenten, de provinsje en Wetterskip, krige steatssekretaris Hans Vijlbrief driuwende fersiken mei. Yn Harns hearde er de soargen oer de boaiemdelgong dêr oan.
Vijlbrief waard oproppen om de gas- en sâltwinning yn de provinsje ôf te bouwen. De lêste tiid wurde der mear oanfragen dien foar gasboarrings.
Njonken de plannen fan de NAM foar gaswinning yn de Waadsee by Ternaard, hat mynboubedriuw Vermilion tanimmende belangstelling foar it oanboarjen fan lytse gasfjilden.

Net mear boarje

Deputearre Friso Douwstra rôp dêrom mei klam op net mear te boaren. "Foar it belang fan it Waad, foar it UNESCO wrâlderfgoed, foar de mienskip, en eventuele gefolgen, doch dit net."
deputearre steaten
Deputearre Friso Douwstra © Provinsje Fryslân
Der binne bygelyks plannen om te boaren yn de Grutte Feanpolder en de Stellingwerven. "Wy binne dêr mei in fersakjende boaiem oan de gong, it moat wieter wurde. Wy binne der noch net oer út hoe't we dat dwaan sille. En dan komt der ynienen heal ûndertroch: litte wy hjir ek noch even gas boarje. Dat finen wy net passen yn in gearwurking", seit Douwstra.
It leafst sjocht de deputearre de plannen dus fan tafel gean. "Mar as je dan boarje, ek binnen de besteande boarringen, soargje der dan foar dat it jild weromkomt nei hjir. Dat it ús helpt te ferduorsumjen."

Petearen yn Harns rinne wer

Yn Harns leine de petearen mei Den Haag sawat stil. De Stichting Bescherming Historisch Harlingen (SBHH) fûn de kommunikaasje mei Den Haag oer de boaiemdelgong troch sâltwinning earder stroef.
Frisia Zout
Frisia Zout © Omroep Zilt, Richard de Boer
Foarsitter Jarig Langhout neamt it in "konstruktyf" petear. "De winst van vanochtend is dat we weer in gesprek zijn met het ministerie van EZK, dat geeft mij weer energie." Dat gefoel hiene de bestjoersleden net by it foarige petear dat se yn Den Haag hiene yn desimber 2022.

Fan it kastje nei de muorre

It wichtichste punt dêr't lang by stilstien waard, wie de "enorme muur" dy't de stichting de ôfrûne trije, fjouwer jier ûnderfûn hat om it ministearje hinne. "Toen we met dit meetnet begonnen, hadden we met EZK een goede dialoog die op gelijkwaardigheid was gestoeld. Dat is de laatste jaren helemaal naar de kloten gegaan", seit Langhout rjochtút.
Jarig Langhout
Jarig Langhout © Omroep Zilt, Richard de Boer
"We werden van het kastje naar de muur gestuurd, alles kwam stil te staan. We hadden het gevoel aan een dood paard te trekken, gooiden bijna de handdoek in de ring. Als stichting hebben we al in 2018 een duidelijke strategie afgesproken, maar bij EZK (Economische Zaken en Klimaat) kwamen we nergens meer doorheen."
De stichting hat in oanfoljend mjitnet realisearre om de delgong te mjitten. Se wolle dat Den Haag de resultaten dêrfan erkent as 'adekwaat ynstrumint' om boaiemdelgong troch sâltwinning oan te toanen. Op dat punt rinne de petearen al jierren fêst.
SBHH-bestjoersleden Chris Elsinga, Jarig Langhout en Henk de Jong
SBHH-bestjoersleden Chris Elsinga, Jarig Langhout en Henk de Jong © Omroep Zilt, Richard de Boer
Vijlbrief hat tasein mear dúdlikheid te ferskaffen oer wa't bewize kin oft skea wol of net troch boaiemdelgong komt.
Foar it earst is no ek ôfpraat dat it ministearje fan EZK oanskoot by it plan fan de stichting en Frisia Zout om in eigen toetsingskader op te stellen foar skeameldingen. Fierder sil de steatssekretaris útsykje hoe't de pot foar skeafergoedingen yn de fiere takomst oanfolle wurde kin.