Bern krije les fan sjef-kok: "Mar somtiden wol ik ek wolris wat ha dat net sûn is"

Bern krije les fan in sjef-kok
De bern út groep sân en acht fan basisskoalle de Leister Igge yn De Pein krigen in spesjale les yn itensiede. Sa kinne se yn 'e kunde komme mei in ferskaat oan yngrediïnten en sûn iten.
It is ien fan de 120 skoallen yn Nederlân (of 4 yn Fryslân) dy't in sjef-kok op besite krijt foar it projekt 'Kok in de klas'.
Sjef-kok Jouke Piet Drijfhout mocht mei 31 bern Olé Tabouleh meitsjen. It is miskien net wat er sels yn syn restaurant de Slotplaats in Bakkefean servearje soe, mar it is in moai begjin foar de skoalbern.