Keuring fan tsientallen histoaryske sylskippen mooglik net op tiid klear

De Risico
De Risico © Camjo Media
It is in logistike útdaging om alle ûndersiken nei skippen fan de brune float klear te krijen foar de start fan it farseizoen op 1 april. Dat seit de ynspeksje ILT.
Skippen dy't net ûndersocht binne, meie net útfarre. Sûnt jannewaris binne der 75 histoaryske sylsskippen ûndersocht, en der steane noch goed 50 keuringen op de planning.
Yn totaal hat de Nederlânske brune float sa'n 230 skippen. Fan 100 skippen moat de keuring dus noch pland wurde.
De saneamde 'brune float' fan histoaryske sylskippen leit ûnder in fergrutglês nei twa fatale ûngelokken op de Waadsee yn 2022.
Om de feilichheid fan de float 'oantoanber te ferbetterjen' hat it kabinet besletten dat alle skippen opnij keurd wurde moatte, ek as se de sertifikaten goed op oarder ha.
It slagget net om dizze ferplichte keuring foar 1 april op alle skippen te dwaan, seit de ILT. Dat komt ûnder oare trochdat ynspekteurs mei min waar en hurde wyn net omheech takele wurde koene, om te sjen hoe't de boppekant fan de mêste der oan ta is.
ILT
In ynspekteur fan de ILT sjocht fanút in bakje nei de mêst fan in skip © ILT
De ynspeksje kin allinne útfierd wurde as de skipper fantefoaren it saneamd 'túchboek' ynleveret. Dat is in dokumint dêr't ûnder oare yn stiet wannear't bepaalde ûnderdielen fan it skip - lykas de touwen of de mêst - foar it lêst neisjoen binne.
As it túchboek fan in skip yntusken ynlevere is, ferwachtet de ynspeksje dat it ûndersyk foar 1 april klear is.

Rotterij

By de keuringen wurdt benammen sjoen nei de mêst, de seilen en it touwurk fan de skippen. Sa wurde alle rûnhouten besjoen. Troch der op te slaan kinne de kontroleurs fiele en hearre oft se net rot binne.
ILT
De skroevedraaier ferdwynt yn it hout: dit hout is rot © ILT
Neist it hout wurdt der ek sjoen nei lieren, touwurk, stagen en slutingen. As der wat oan dien wurde moat, wurdt dat direkt bepraat mei de eigener fan it skip, meldt de ILT.

Wachtlist

Lytse saken, lykas in ferkearde sluting of in missende boarch, kinne gau ferholpen wurde, mar yn guon gefallen is reparaasje kostber: bygelyks as der in nije mêst of gyk komme moat.
Yn sokke gefallen kin it in skoft duorje foardat it skip wer klear is. It soe ek noch kinne dat in skipper wachtsje moat, omdat in leveransier of werfbaas in wachtlist hat. Dan soene skippen de start fan it seizoen ek misse kinne, seit de ILT.