Wiet, griis en hege temperatueren: "Febrewaris hat nea earder sa waarm west"

febrewaris waar rein
De paraplu moast der faak oan te pas komme dizze moanne © Albert Thibaudier
Wiet, griis en waarm: sa omskriuwt waarfrou Tjitske Wiebenga de moanne febrewaris fan dit jier. Lanlik is it de waarmste febrewaris ea sûnt de waarmjittingen en dat jildt ek foar ús provinsje, fertelt se.
"Yn Ljouwert wie it gemiddeld 7,4 graden en yn Starum 7,2. Dat binne de heechste gemiddelden ea, febrewaris hat nea earder sa waarm west", seit Wiebenga.
De temperatueren giene omheech, omdat der in soad súdwestewyn wie. De streaming brocht waarmte út Súd-Europa ús kant op. "Hast de helte fan de moanne stie der in súdwestlike wyn en dêrtroch wie it waar sêft. Foaral yn de nachten."
Tjitske Wiebenga
Tjitske Wiebenga © Omrop Fryslân
Gewoanwei lizze de temperatueren yn febrewaris nachts krekt boppe 0 graden, no wie it yn trochsneed 5 graden yn de plus. "De bewolking soarge derfoar dat it net ôfkuolle", fertelt de waarfrou. "Op 15 febrewaris wie it sels 13 graden yn Ljouwert, dat is fierstente waarm."
Net allinnich hegere temperatueren, mar der wie ek folle mear delslach as gebrûklik. "Yn Ljouwert foel hast 90 milimeter. Normaal is dat goed 50 milimeter." Wiebenga ferwachtet dat we op de lêste dei fan febrewaris noch oer de 90 milimeter geane, want we slute de moanne ôf mei opnij griis en reinich waar.

Wiete snie

In grut kontrast mei it begjin fan febrewaris. De moanne sette moai útein mei de measte sinne op 1 febrewaris en dat gie trije dagen sa troch. "It like just noch in hiel kâlde perioade te wurden. Op 8 febrewaris foel der sels noch snie. It wie wol wiete snie, dus it bleau net lang lizzen."
febrewaris waar rein
Understrûpt lân, mar ek in stikje blauwe loft by Haskerdiken © Pity Zwerver
Dêrnei kaam lykwols in waarme, grize en wiete tiid. De oerhearskjende bewolking soarge foar in sombere moanne. Dat waarmte út Súd-Europa dizze kant op komt, betsjut yn febrewaris net automatysk dat we ek fan mear sinneskynwaar genietsje kinne. "De temperatueren wiene wol heech, mar de sinne wie net faak te sjen."

Stoarm Louis

Op 22 febrewaris tsjinne stoarm Louis him oan. It KNMI joech koade oranje ôf fanwege tige swiere wynstjitten. "De stoarm sette útein mei in súdlike oant súdeastlike wyn en yn 'e jûntiid wiene de temperatueren ek noch heech", seit Wiebenga.
"Op Flylân wie it even wynkrêft 9 en yn Ljouwert en Starum krêft 7. Der wiene wol hurde wynstjitten, mar net boppe de 100 kilometer de oere. Op Flylân bleau it stykjen op 93 en yn Ljouwert op 95 kilometer de oere."
Gevelplaat nei ûnderen kaam
Gevelplaten kamen nei ûnderen by dit hotel yn Drachten © SR Fotografie
Neffens Wiebenga wie it opfallend dat de wynstjitten fier de provinsje ynlutsen. Dat wie te fernimmen yn Drachten. Dêr fleagen by in hotel gevelplaten fan 'e muorre troch de stoarm.

Meteorologyske maitiid

Freed 1 maart begjint de meteorologyske maitiid wer. Kinne we dan ek moaier en drûger waar ferwachtsje? Wiebenga tinkt fan wol.
"De earste pear dagen fan maart is der noch licht wikselfallich waar en ek noch in pear buien. Dat komt troch in legedrukgebiet boppe Ingelân. It twadde part fan oare wike wurdt it wat stabiler en drûger. Mar, earst moatte we noch even troch it wikselfallige wykein hinne."