Tolve Fryske berneferskes moatte Frysk op skoalle stimulearje: "Belangryk foar taalûntwikkeling"

foarlêze pjutten
Pjutten wurde foarlêzen (argyf) © Omrop Fryslan, Timo Jepkema
It binne gloednije ferskes, skreaun foar pjutten en beukers: Opromje of Jierdei. Mei noch tsien oare nûmers moatte de ferskes bern helpe by harren Fryske taalûntwikkeling. Se binne spesjaal foar it ûnderwiis oan jonge bern skreaun.
Fryske berneferskes binne der ek al wol. Dochs is der neffens Hieke Rienstra fan Afûk nei ferrin fan tiid wer ferlet fan wat nijs.
Tolve Fryske berneferskes moatte Frysk op skoalle stimulearje
"Dat wie der al in skoftke, hjir en dêr krigen we al sinjalen dat der ferlet wie fan nije ferskes foar bern. Dan foaral oer ûnderwerpen dy't passe by wat se op de opfang en yn de ûnderbou fan de basisskoalle by 't ein hawwe."
Foar alles in ferske, Fryske berneferskes
Foar alles in ferske, mei tolve Fryske berneferskes © Afûk
Dat giet om tema's lykas opromje, fruit ite, jierdei wêze en oanklaaie. "Dêr wurde op de opfang en skoalle noch in soad Nederlânske ferskes foar brûkt, wylst it foar de Fryske taalûntwikkeling ek sa belangryk is om in soad mei ferskes te dwaan en mei de bern te sjongen."

Ferskes mei in ferhaal

De ferskes dy't dizze wike presintearre binne, binne troch skriuwer Clara Rullmann ek fan in ferhaaltsje foarsjoen. "Sa kinne learkrêften der echt noch wat mear úthelje as allinnich in ferske hearre litte."
't Holdersnêst yn De Harkema
't Holdersnêst yn De Harkema © Google Street View
It ferskeboek wie foar it earst te sjen en te hearren op ibs 't Holdersnêst yn De Harkema. Bern fan dy skoalle hawwe tegearre mei bern út de Greidhoeke de ferskes ynsongen.
Skoallen kinne it boek fergees bestelle, fertelt Rienstra. "It is makke fan it Taalplan Frysk út. Learkrêften en pedagogysk meiwurkers kinne dit brûke om it Frysk in stapke heger te krijen."