By De Jong is gjin romte foar teloarstelling nei bekerútskeakeling: "It wie in unike Cambuurjûn"

Henk de Jong
Henk de Jong © Orange Pictures
Cambuurtrainer Henk de Jong kin der net mei sitte, mei it ferlies fan syn ploech yn de heale finale fan it bekertoernoai. Lykas wol faker nei in ôffallend resultaat yn in drege wedstriid, oerhearsket by De Jong grutskens op syn ploech.
"We hawwe hiel konsintrearre ferdigene. NEC is in goede ploech, dy't de beker wolris winne kin. Ik bin supergrutsk op de jonges", stelt de Cambuurtrainer.

"We sieten der tichteby"

De Jong ferkundiget dêrby gjin ûnwierheden. NEC is de lêste wiken yn topfoarm en stiet net foar neat sânde yn de earedivyzje. Oan de oare kant: NEC is ek gjin Feyenoord, in ploech dy't de Ljouwerters ek treffe koenen yn de heale finale. En dus wie Cambuur seker net kânsleas.
Dat seach ek de Cambuurtrainer. "It koe echt. Sy wienen de bettere ploech, mar wy sieten der sa tichteby."
Cambuurtrainer Henk de Jong oer de heale finale fan de beker
Cambuur oerlibbe de begjinfaze wêryn't NEC de peal en de latte rekke en doe lei de bal ynienen oan de oare kant yn de goal. Doelpuntemakker: Roberts Uldrikis. De Let wie it einstasjon fan in moaie Cambuuroanfal fia Jeremy van Mullem en Fedde de Jong.

Uldrikis hat pineholle

It stadion ûntplofte, mar Uldrikis kaam net hiel út de striid. "Cillessen (de keeper fan NEC, red.) kaam mei syn knibbel yn, sa tsjin myn holle oan. Ik hie fuortendaliks pineholle. As ik dit by in oar dien hie, hie ik direkt in skorsing krigen. Nuver dat de arbitraazje der neat oan die."
Roberts Uldrikis stapte mei pineholle fan it fjild
De spits, dy't yn Ljouwert bekend stiet as 'dy lange' spile lykwols troch. Hy besocht de bal safolle mooglik fêst te hâlden. De spits die wat hy koe, mar NEC waard hieltyd gefaarliker, benammen yn it earste part fan de twadde helte.
Trainer De Jong stie dan ek op it punt om it oars te dwaan. Hy woe syn formaasje wizigje nei 5-4-1, alles om de foarsprong oer de streek te lûken. Mar krekt foar de wiksel gie it mis. Koki Ogawa makke út in hoekskop 1-1. "Dat wie echt skande, dat dy bal deryn fleach", seit De Jong.

Hast de oerwinning

Nei de 1-1 wiksele Cambuur dochs. De NEC-stoarm gie lizzen en Cambuur kaam stadichoan wer wat better yn de wedstriid. En yn minút 86 stienen alle supporters al hast op de banken. Milan Smit kopte de bal rjochting de goal, de bal like binnen te fallen, mar mei in geweldige refleks hold Cillessen de bal bûten it doel.
"Dêr wienen we der sa tichteby", seit De Jong. "De keeper hold him der fantastysk út. It mocht net sa wêze."
Smit sels telde him al hast. "Het was zo'n goede redding dat je hem niet eens zag, want wij kregen geen corner."
Milan Smit krekt gjin bekerheld
Yn de ferlinging wie it in kwestje fan oerlibjen. "We hadden gehoopt penalty's te halen", seit Smit. "We probeerden zo weinig mogelijk kansen weg te geven. Maar dit is gewoon kut."
It krêftwurd fan Smit ferwiist nei it momint yn minút 99. Nei in knappe aksje fan Yvandro Borges Sanches skeat Kodai Sano de bal yn de goal foar NEC: 1-2. Dêrnei wie it bêste derôf by Cambuur. De Ljouwerters wienen op, it siet der gjin sekonde mear yn.

Geweldige ambiânse

En dus mist Cambuur de bekerfinale, in swiere teloarstelling foar de spilers. Dochs kaam al gau it besef dat de Ljouwerters in fantastysk bekeraventoer draaid hawwe, mei as hichtepunt dizze heale finale tsjin NEC yn in fantastyske ambiânse.
"Ik ha genoaten, de supporters wienen net normaal", seit De Jong. "Dit wie in unike Cambuurjûn." Ek Jeremy van Mullem seach syn eagen út. "Dit was geweldig. De supporters hebben het goed gedaan. De sfeer was echt top."
Jeremy van Mullem is ûnder de yndruk fan de sfear yn it Cambuurstadion
Smit hat it ek sa ûnderfûn. "De meeste jongens zullen zoiets niet vaak meemaken. Grote dank aan de supporters." En Uldrikis: "By de warming-up wienen se ús al oan it tajubeljen. As it fertriet fuort is, sil ik hjir mei in goed gefoel oan weromtinke. We kinne hjir in protte positiviteit út helje."

Hoedemakers bliid

Mees Hoedemakers stie ferline jier noch by Cambuur ûnder kontrakt. Yntusken spilet hy by NEC en dus mei hy de bekerfinale spylje. "Ik wist dat het zo zou gaan. Het was een gekkenhuis, dan moet je rustig blijven en dat hebben we gedaan."
Mees Hoedemakers giet wol nei de bekerfinale
"Cambuur kwam goed met 1-0 voor, maar wij waren de betere ploeg en hebben verdiend gewonnen", stelt Hoedemakers.
Trainer De Jong kin him dêr wol yn fine. "We hienen better in oare ploech treffe kind. Sy binne wol echt top. Mar ik bin hartstikke grutsk op myn jonges. Dit hawwe we ferlern, mar no wolle we de play-offs foar promoasje helje."