Cambuur bûcht nei ferlinging foar NEC en mist bekerfinale

Cambuur baalt
Cambuur baalt © ANP
SC Cambuur is der net yn slagge om him foar it earst yn de kluphistoarje te pleatsen foar de bekerfinale. Yn de heale finale moasten de Ljouwerters nei ferlinging bûge foar earedivyzjeklup NEC (1-2).
Dy útslach wie op himsels terjochte, mar it wie wol in soer ferlies foar de Ljouwerters. Cambuur kaam op foarsprong fia Uldrikis, hold NEC yn de twadde helte op 1-1, mar kaam yn de ferlinging úteinlik tekoart.

Taktyske fynst

Trainer Henk de Jong sette it taktysk wat oars del. Milan Smit begûn op tsien en Michael Breij op de linksbûten. Daniël van Kaam wie net fit genôch om te starten. Hy krige nei de wedstriid fan ôfrûne freed tsjin FC Emmen (2-0 ferlies) lêst fan 'e boppeskonk. Syn posysje waard ynnaam troch Jeremy van Mullem.
Sintraal yn de ferdigening krige Marco Tol de foarkar boppe Floris Smand.
Opstelling SC Cambuur: Van Osch; Ottesen (110' Wormgoor), Tol, Bergsma (105' Van Kaam), Poll; Van Mullem, Smit, De Jong (103' Sylla); Balk (67' Van der Meer), Uldrikis (97' Pichel) en Breij (103' Kooistra).
De wedstriid begûn rêstich. Beide ploegen liken even de senuwen fan harren ôf spylje te moatten. No tsien minuten ûntstie it earste driigjende momint, doe't Rober González mei de bal oan de foet troch it strafskopgebiet fan Cambuur begûn te rinnen. It skot fan de Spanjert waard úteinlik blokt troch Léon Bergsma.

NEC rekket peal en latte

Fiif minuten letter moast Cambuurdoelman Yanick van Osch foar it earst yn aksje komme. In foarset fan González kaam by Koki Ogawa. De spits helle út de draai út, mar Van Osch krige der noch in hantsje tsjinoan. De bal rôle dêrtroch tsjin de peal en úteinlik wer yn de hannen by de keeper fan Cambuur.
It wie net de lêste kear dat it aluminium rêding bringe moast foar Cambuur. Nei in lytse tweintich minuten luts Sontje Hansen nei binnen ta. Syn skot waard noch oanrekke troch Sturla Ottesen en bedarre dêrtroch op de latte.
Dizze bal rôlet fia Van Osch tsjin de peal
Dizze bal rôle fia Van Osch tsjin de peal © Orange Pictures
Sa wie NEC dus dúdlik sterker yn de begjinfaze, mar it wie Cambuur dat de skoare iepene. In foarset fan Jeremy van Mullem waard troch Fedde de Jong foar de goal kopt. Roberts Uldrikis stie hielendal frij by de twadde peal en hie gjin problemen om de bal tsjin de touwen te koppen: 1-0.
Roberts Uldrikis iepenet de skoare
Roberts Uldrikis iepenet de skoare © Dijks Media
NEC wie even fan slach, al krige de ploech út Nijmegen wol in grutte kâns nei in fantastyske pass fan âld-Cambuurspiler Tjaronn Chery. Ogawa krige de tien der lykwols net genôch tsjinoan en dus koe Van Osch de bal maklik oppakke.
Even letter hie Van Osch in wat minder momintsje: hy liet in foarset fan Calvin Verdonk los, mar krekt foardat González profitearje koe, hie de doelman de bal wer werom. Sa gienen beide klups oan de tee mei 1-0 as tuskenstân op it skoareboerd.
Cambuur moast der fûl foar stride, mar by it skoft wie it 1-0
Cambuur moast der fûl foar stride, mar by it skoft wie it 1-0 © ANP
Nei oardel minút yn de twadde helte wie NEC hiel tichteby de lykmakker. In skot fan Bart van Rooij koe noch mar krekt keard wurde troch Van Osch en in rebound kaam der net troch goed yngripen fan Ottesen.

Chery helpt âlde klup

Stadichoan begûn NEC wat opportunistysker te spyljen. Philippe Sandler twong Van Osch mei in hurd skot ta in rêding en efkes letter kopte Kodai Sano de bal fan tichteby fia de grûn tsjin de Cambuurdoelman oan.
Mar yn de 58e minút wie dêr de grutste kâns foar de besikers út Nijmegen. Earst kopte Bram Nuytinck, der ûntstie in scrimmage, wêrnei't Sano sjitte koe. De bal soe der yn gean, mar krekt foar de line kaam de bal tsjin NEC'er Chery oan. Sa foarkaam hy in wis doelpunt.

Dan dochs de goal

In minút letter foel de lykmakker dochs. In hoekskop waard by de earste peal kreas binnenkopt troch Ogawa: 1-1. Dy goal paste by hoe't de wedstriid him yn dy faze ûntwikkele.
Om't der bekerkes op it fjild smiten waarden, waard de wedstriid dêrnei even stillein, mar it opûnthâld bleau beheind ta in pear minuten.
Cambuur baalt nei de lykmakker
Cambuur baalt nei de lykmakker © ANP
Sa oerlibbe Cambuur de NEC-stoarm net, mar de ploech ûntsnapte wol oan in efterstân doe't Hansen krekt njonken skeat.
Dêrnei ûntstie in soarte fan status quo. NEC naam flink gas werom en dêrtroch koe Cambuur lang om let wat op azem komme.

Smit hast matchwinner

Yn de slotfaze krige Cambuur noch in grutte kâns om de winst binnen te heljen. In kopbal fan Smit waard lykwols geweldich út de goal toffele troch NEC-doelman Jasper Cillessen. Sa einige it duel yn 1-1 en wie der dus ferlinging nedich.
Milan Smit wie der noch hiel tichteby
Milan Smit wie der noch hiel tichteby © Dijks Media
De earste kâns yn de ferlinging wie foar Cambuur. In skot fan Uldrikis gie fia Van Rooij oer de goal. It wie it lêste wapenfeit fan Uldrikis. De Let waard ferfongen troch Vincent Pichel.

Twadde Japanner docht Cambuur sear

Yn de 99e minút foel it doelpunt oan de oare kant. Ynfaller Yvandro Borges Sanches passearre Thomas Poll mei in fraaie aksje. Hy lei de bal goed werom op Sano, dy't de bal net folle rekke, mar wol genôch om te skoaren. Sa wie hy nei Ogawa de twadde Japanner dy't de Ljouwerters sear die.
Feest yn it útfak nei't NEC de lieding naam
Feest yn it útfak nei't NEC de lieding naam © Orange Pictures
Mei Vito Wormgoor as stoarmraam besocht Cambuur noch in strafskoppesearje ôf te twingen, mar de krêften wienen weifloeid.
En dus is Cambuur útskeakele yn it bekertoernoai, gjin earste bekerfinale yn de klupskiednis foar de Ljouwerters.