De toan fan Froukje Sijtsma: "Frysk prate mei de bern"

de toan fan kollum froukje sijtsma
Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Ferskillende fan myn Fryske freonen hawwe net-Fryske partners en wenje bûten it heitelân. Doe't se bern krigen praten wy gauris oer hokker taal sy prate soenen. Se keazen allegear foar it Frysk. Al is dat noch gjin garânsje dat bern de taal ek weromprate.
Dat fenomeen waard dit wykein wiidweidich besprutsen yn de Ljouwerter Krante. Yn guon húshâldens prate ien of beide âlden Frysk. Ien Frysktalige mem fertelde dat se foar it Nederlânsk keazen hie, om't se benaud wie om de bern op efterstân te setten. Ien heit biechte op dat hy der spyt fan hie dat er it Frysk net meijûn hie oan syn bern.
Harkje hjir nei de toan fan Froukje Sijtsma
Neffens de krante giet it sa min net mei it Frysk. Alders fan no kieze faker om Frysk mei de bern te praten as de generaasje fan harren âlden. Neffens ûndersiker Jelske Dijkstra fan de Fryske Akademy soe dat komme kinne om't it fak Frysk hieltyd mear omtinken krijt op skoalle.
Yn myn optyk spylje ek bewustwurdingskampanjes foar it Frysk en meartaligens in rol, lykas dy fan de Afûk. Ek is der mear kennis oer meartaligens. Brike advizen as: 'praat mar Nederlânsk en gjin Arabysk mear tsjin dyn bern', wylst âlden it Nederlânsk sels net goed behearskje, hearst lokkich net sa faak mear. Jelske Dijkstra hat eins mar ien advys: praat de taal fan dyn hert.
In freon fan my wennet yn Grinslân mei syn Grinzer partner. Krekt oer de rivier De Lauwers wurdt wakker Frysk tsjin de bern praat. Hy Frysk. Sy Nederlânsk. En in freondinne wennet mei har Drintske man yn Grins. Sy praat Frysk mei de bern. By beide freonen praat foaral it âldste bern Frysk werom. De bern ûnderling Nederlânsk.
In oare Fryske freondinne ferhûze mei har Grinzer man werom nei Fryslân. Hy sei dat er dan ek 'heit' wêze woe en praat no sels Frysk mei de bern. Ek al kieze beide âlden foar it Frysk en wenje se yn Fryslân, dochs hawwe de bern in grutte foarkar foar it Nederlânsk.
Soms giet de knop ynienen om. Sa wenje twa fan myn susters yn Noarwegen. Sy prate Frysk mei de bern. Harren partners Deensk en Noarsk. At se yn Fryslân binne, is de fiertaal foaral Frysk. Dat sette ek myn dochter ta neitinken. Prate se jierrenlang foaral Nederlânsk mei my, doe't har neefkes en nichtsjes Frysk mei Skandinavyske tongfalle tsjin har praten, prate se ynienen folle faker Frysk.
Blykber binne der bytiden taalambassadeurs nedich. Sa hearst yn Nijmegen ek hieltyd mear Frysk. Dêr wennet myn freondinne Marieke mei har Brabantske man. Sy praat Wâldfrysk. Hy Nederlânsk mei in sêfte g. De bern prate Nederlânsk mei elkoar, mar altyd Frysk mei mem. Marieke fertelde dat se lêst oansprutsen waard troch in frou yn de boarterstún. Se fertelde dat har man ek in Fries is en dat hy Marieke Frysk praten heard mei de bern.
It hie wat by him losmakke. Hy prate Nederlânsk mei syn bern. De tredde wie kommendeweis en hy beslute: fan no ôf soe er syn memmetaal mei de bern prate. Ek al is dat fier bûten Fryslân, mei syn bern praat er no de taal fan syn hert."