Hoe wol Joost Klein Europa ferôverje? En flecht op 'e koai foar Allingawier

Wykoersjoch fan Omrop Fryslân
Wykoersjoch fan Omrop Fryslân © Omrop Fryslân
'Europapa' skuoddet Fryslân wekker, in grut part fan in doarp dat te keap stiet en in grutte klap foar de Fryske lhbtqia+-mienskip. Dat en mear yn ús oersjoch fan de wike.
It wykoersjoch bestiet út fiif opfallende ferhalen dy't publisearre binne op ús app en webside. Fan sport oant polityk, fan kultuer oant miljeukwestjes en alles wat fierder mar de revu passearret yn Fryslân.
Foar eltsenien dy't miskien in artikel mist hat, of gewoan nochris rêstich it ien en oar weromlêze wol.
Hjir ús seleksje fan dizze wike:
Joost Klein by de presintaasje fan syn nûmer
Joost Klein by de presintaasje fan syn nûmer © ANP

Kin 'Europapa' skoare op it Eurovisie Songfestival?

Dizze wike waard 'Europapa', Joost Klein syn ferske foar it Eurovisie Songfestival, offisjeel presintearre. It is in opfallend nûmer yn happy-harcorestyl. Kin Nederlân mei dit ferske it songfestival winne? Songfestivalfolger Arjen Visser jout syn fisy.
Allingawier
Wa wol in part fan museumdoarp Allingawier keapje? © Omrop Fryslân

Part fan in doarp te keap

Net in hûs, mar in hiel part fan in doarp keapje. It liket yn dizze tiid fan wenningneed nuver, mar it is mooglik yn Allingawier. Dêr stiet in earder museumdoarp te keap foar 1,5 miljoen euro. It rint stoarm. "De ynteresearren komme út hiel Nederlân wei."
Definsje wol mear romte om te oefenjen
Definsje wol mear romte om te oefenjen © Omrop Fryslân

Krije tanks en de F-35 rom baan?

Oarloch tusken Ruslân en Oekraïne, spanningen yn de Baltyske steaten en politike ûnrêst op tal fan oare plakken yn de wrâld. Neffens Definsje moatte wy ek yn ús lân better taret wêze op mooglike bedrigingen en konflikten. Dêrom moat der faker oefene wurde. Is dêr romte foar yn Fryslân?
De promoasjeposter fan 'Moed - Je mag wel bang zijn maar niet laf'
De promoasjeposter fan 'Moed - Je mag wel bang zijn maar niet laf' © Pier 21

Benaud wêze mei, mar wês net laf

Mei in foarstelling oer de twa bruorren Bakker fan Bûtenpost dy't yn de Twadde Wrâldoarloch útgroeiden ta moedige fersetstriders, besiket teäterselskip Pier21 aktuele tema's ûnder de oandacht te bringen. "Ik werken de emosjonele wrakseling en it gefoel datst dysels ferstopje moatst."
Foarstanners demonstrearren twa wiken lyn noch foar reinbôgebelied
Foarstanners demonstrearren twa wiken lyn noch foar reinbôgebelied © Omrop Fryslân

Fryslân stekt gjin jild yn reinbôgebelied

It provinsjebestjoer stekt definityf gjin jild yn reinbôgebelied. Wiken is der praat oer in foarstel om dochs ta de bûse te gean, mar sûnder resultaat. "We waren een heel eind op weg, maar we hebben de pot goud aan het eind van de regenboog helaas niet gevonden."