Wurdboeken jouwe Fryske dialekten it ivige libben: "Dat stik kultuer moatte wy behâlde"

It Meslânzer Woardeboek
It Meslânzer Woardeboek © Omrop Fryslân
'Kyn', 'briif', 'sien'. Dizze en oare wurden steane tenei yn it 'Meslânzer Woardeboek', fan it dialekt fan Midslân op Skylge. "It is geastlik erfgoed. As je dat net fêstlizze, ferdwynt it", seit leksikograaf Siebren Dyk.
It wurdboek wurdt útbrocht yn neifolging fan in rige oare Fryske dialektbondels. Goed 15 jier hat in wurkgroep dwaande west om it Meslânzers te ferivigjen.
No't it lêste wurd op papier stiet, kin op 14 maart it 'Meslânzer Woardeboek' presintearre wurde yn 't Wapen van Terschelling.
Dêrmei pleatst it him yn in almar útdijende rige fan wurdboeken fan Fryske dialekten. It iene boek liket it oare út te lokjen.
Piet Smit, Triny Martens, Nel Swart en Gettje Pals hawwe 15 jier oan it Meslânzer Woardeboek wurke
Piet Smit, Triny Martens, Nel Swart en Gettje Pals hawwe 15 jier oan it Meslânzer Woardeboek wurke © Gettje Pals
Gettje Pals is ûnderdiel fan de fjouwerkoppige wurkgroep. Yn 2009 naam sy it stokje oer fan Schylge Myn Lântse, de Cultuurhistorische Vereniging Terschelling.
Fan it Aasterske en Westerske dialekt wie al in wurdboek útkommen. Dus wie it wachtsjen op dat fan it Meslânzers, it tredde dialekt fan it eilân.

'Behoorlijke taak'

"Er was in de jaren tachtig al het een en ander genoteerd, en we konden het woordenboek van het Aasters erbij pakken. Maar poeh, dit was een behoorlijke taak", seit Pals.
De groep kaam sa'n fiif kear yn it jier byinoar om de gong fan saken te bepraten. Underwilens bleaune de raderkes rinnen.
"Dan was je thuis en schoot je ineens een woord te binnen en schreef je het meteen op", seit se. "Ook onze kennissenkring sprong soms bij."
It Meslânzer Woardeboek komt 14 maart út
It Meslânzer Woardeboek komt 14 maart út © Afûk
Los fan it oarderjen fan de wurden, is ek stavering in wichtich ûnderdiel. Want it is de wurkgroep dy't bepaalt hoe't je wat skriuwe.
"Daar moet je continu afspraken over maken. Welke letter gebruik je bijvoorbeeld bij de i-klank? Zo hebben we kind naar 'kyn' vertaald, kijken naar 'sien' en brief naar 'briif'. Je moet alles determineren."
In mijn tijd op de basisschool sprak iedereen het dialect. Bij mijn kleinkinderen gebeurt dat nu niet.
Gettje Pals holp mei oan it 'Meslânzer Woardeboek'
In pear hûndert minsken binne it Meslânzers machtich. It wurdt lykwols oer hiel Skylge praat as in neutraal dialekt. It dialekt libbet dan ek noch hieltyd, seit Pals.
Dochs ebbet it stadichoan wei. "In mijn tijd op de basisschool sprak iedereen het dialect. Bij mijn kleinkinderen gebeurt dat nu niet. Dus ja, er verandert wel wat."

Iennige dialekt dat noch ûntbruts

By it meitsjen fan it wurdboek krige de wurkgroep help fan Siebren Dyk. Hy is leksikograaf en fertelt dat it Meslânzers it iennige Fryske dialekt is dat noch ûntbruts tusken de wurdboeken.
"Dat is alteast noch in dialekt dat aardich ôfwykt fan de oaren. Ik hearde dat se yn bygelyks Dokkum ek dwaande sille mei in útjefte. Mar dat liket dan noch aardich op oare Stedsfryske dialekten."
Leksikograaf Siebren Dyk
Leksikograaf Siebren Dyk © Fryske Akademy
Der binne mingdialekten en Fryske dialekten, fertelt Dyk. Mingdialekten komme benammen foar yn de stêden. Sy binne in kombinaasje fan Frysk en Nederlânsk en ûntstiene yn de 16e en 17e iuw.
"Hieltyd faker wiene de stedsbestjoeren doe Nederlânsktalich. En omdat it gewoane folk de elite graach neidie, naam dat Nederlânske wurden oer." Oan de útspraak en wurdfolchoarder waard minder omtinken jûn. En dus krigen wurden en sinnen in hiel eigen karakter.
"De Fryske dialekten ûntstean omdat der net in soad ynfloeden binne fan bûtenôf. Dat komt troch in isolearre posysje fan in lyts plak. Kontinu nimt it in eigen ôfslach en komt dan op in oar plak út as oare folkstalen."
In dialekt is geastlik kultureel erfgoed. Dus net it soart dat je restaurearje kinne, lykas in tsjerke.
Leksikograaf Siebren Dyk
Dyk beklammet it belang fan it fêstlizzen fan de wurden. "In dialekt is geastlik kultureel erfgoed. Dus net it soart dat je restaurearje kinne, lykas in tsjerke. As de lêste sprekkers it net oerdrage, dan ferdwynt it. Mei de wurdboeken hâlde je it wat oerein."

Mear ferhuzers

Dat hieltyd minder minsken in dialekt brûke, komt omdat se har maklik ferpleatse, seit Dyk. "Eartiids wie in doarp in sletten mienskip, bewenners moasten alles rinnend dwaan. Dat hâldt saken yn stân. Ek de wize fan praten. De komst fan oare middels fan ferfier brocht dêr feroaring yn."
Earst de fyts, doe de auto en it fleantúch. Minsken ferhúzje makliker en dat beynfloedet de taal.

Bakstien fan 15 sintimeter

Theo Kuipers makket him ek hurd foar it dialekt. Hy is foarsitter fan it behâld fan Genoatskip foar ut Behoud fan ut Franekers en holp mei it meitsjen fan it 'Franeker Woardeboek'.
Seis jier wrotte om 20.000 wurden (en betsjuttings) tusken twa kaften te krijen. It waard in 'bakstien' fan 15 sintimeter.
Theo Kuipers
Theo Kuipers © Theo Kuipers
"We hiene in einredakteur, Wim Aalbers, dy't alles wist fan it Frjentsjertersk. Hy twong himsels om alle dagen tsien wurden te dwaan, fan de letter 'a' ôf. Ek yn de fakânsjes."
Twa fêste meiwurkers diene neat oars as him kontrolearje. Soms ûntstie der diskusje. Mar dêr fûnen se wat op.
"Der kaam in sletten Facebookside, mei tsien leden. As we it net iens wiene, lieten we harren stimme fia in poll. Bygelyks oer it wurd 'moksus'. Moat der no in trema op de 'o' of net", seit er. "Wat dat betsjut, moksus? Oelewapper."

Underdiel fan kultuer

Yn 2021 kaam it Franeker Woardeboek út. Der binne yntusken in pear hûndert fan ferkocht, fertelt Kuipers. Yn Frjentsjer en omkriten, mar ek yn plakken dêr't eardere bewenners hinne ferhuze binne.
"Minsken fertelle dat se it leuk fine om der trochhinne te blêdzjen. Der komt dan fan alles boppe", seit Kuipers.
It Franeker Woardeboek
It Franeker Woardeboek © Omroep Leeuwarden, Douwe Talma
"We pleitsje der net foar dat se it op legere skoallen jouwe, of sa. Mar in dialekt is ûnderdiel fan in kultuer. En dy moatte we sjen te behâlden. Skriuwtaal is dêrfoar krúsjaal", seit Kuipers. "Mar goed, litte we earst ris begjinne mei it praten."