Cambuur hat finânsjes rûn foar nij stadion: "Hier is heel hard aan gewerkt"

Nij cambuur stadion yn oanbou
It nije stadion is yn oanbou © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
It jild dat Cambuur fine moast foar de ôfbou fan it stadion, in bedrach fan 7,75 miljoen euro, is troch de klup by mekoar brocht.
Dat bestjut dat Cambuur foldocht oan ien fan de betingsten dy't it kolleezje fan Ljouwert ferbûn hat oan in liening fan seis miljoen euro, dy't nedich is om it stadion ôf te bouwen.
Dat makke Cambuurdirekteur Ard de Graaf bekend by in riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwert.
ARD
Ard de Graaf © ANP
De Graaf die de meidieling by it begjin fan in petear mei de gemeenteried oer in gemeentlike liening fan 6 miljoen euro, dy't ôfhinklik is fan de miljoenen dy't Cambuur sels op tafel leit.
It miljoenebedrach sit wol yngewikkeld yn elkoar, jout de direkteur ta. Sa is der ôfpraat dat boubedriuw Van Wijnen, de bouwer fan it stadion, in bedrach fan dik 2 miljoen euro, bedoeld foar de ôfbou, omset yn in koarting cq. sponsoring.
Mei ferskate oare leveranciers is der ek in koarting ôfpraat, of wurde saken leased ynstee fan oanskaft.
Takom wike woansdei, 6 maart, is der in debat yn de ried fan Ljouwert oer de gemeentlike liening fan 6 miljoen euro. Fiif dagen letter, moandei 11 maart, moat dan it beslút falle.
Fierder is der foar in bedrach fan 3 miljoen euro in langrinnnende liening ôfsletten, dy't binnen 25 jier werom betelle wurde moat. De earste jierren is ôfpraat mei de finansier fan dizze liening dat der allinnich rinte werom betelle wurde moat.
Der wie noch in meifaller. Sa wie der rekkene op 1 miljoen euro fan de nammejouwer fan it stadion, Pieter Kooi. Dat bedrach is 'enkele tonnen' heger útfallen, seit De Graaf.
Ard de Graaf (links) mei Pieter Kooi (rjochts)
Ard de Graaf (links) mei Pieter Kooi (rjochts) © Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
De eigner fan it hjoeddeistige stadion, ûntwikkelder Leijten, sil Cambuur in noch ûnbekend bedrach meijaan wannear't de klup ferhúzet nei it nije stadion.
Dan bliuwt der noch altyd in bedrach oer, en 'daarover zijn we heel blij dat we iemand bereid hebben gevonden om dat bedrag beschikbaar te stellen' sa sei De Graaf.

Lêste momint

Neffens De Graaf binne de lêste ôfspraken krekt foar it bekerduel mei NEC fan ôfrûne tiisdei rûn kaam. Dêrom wie der gjin earder momint foar de meidieling.
"Hier is heel hard aan gewerkt, we zijn blij dat we zo'n belangrijke stap kunnen zetten. Als we alles bij elkaar optellen hebben wij het financiële plaatje rondgerekend."