Liveblog | 27 febrewaris

112-nijs 27 febrewaris: Auto yn de fangrail by Donkerbroek, dyk ôfsletten | Konifear yn 'e brân troch fjoerwurk

Yn dit blog hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 27 febrewaris, 23:16
23:16

Auto yn de fangrail by Donkerbroek

Auto yn fangrail by Donkerbroek fersoarget file
It ûngelok feroarsaket file © BTB Fotografie
In auto rekke tiisdeitejûn swier beskeadige doe't de bestjoerder tsjin de fangrail fan de N381 by Donkerbroek ried.
Troch ûnbekende reden rekke dy de macht oer it stjoer kwyt. De bestjoerder is behannele troch ambulânsepersoniel en nei it sikehûs brocht.
De folsleine dyk waard ôfsletten.
22:34

Man rekket te wetter by mooglike berôving yn Ljouwert

Mooglike berôving Ljouwert
It plak fan de mooglike berôving © AS Media
In man is yn it wetter telâne kaam oan de Weaze yn Ljouwert. Dat barde mooglik by in berôving. De man hat by in fastfoodrestaurant om help frege.
Hy is kontrolearre troch ambulânsepersoniel en nei it sikehûs brocht.
22:05

Fjoerwurk by Cambuur soarget foar swarte hage

Hage yn 'e hens
Dizze hage stie troch it fjoerwurk yn 'e brân © AS Media
Troch it fjoerwurk dat neist it Cambuurstadion ôfstutsen waard yn de bekerwedstriid is in hage yn de brân flein.
De konifear koe rap blust wurde troch de brânwacht en it fjoer is net oerslein.
17:45

Man oanholden nei brânstichting op balkon

Man oanholden brân balkon
It balkon dêr't de brân wie © SR Fotografie
In man yn Drachten is oanholden foar brânstichting op it balkon. Dat barde oan de John F. Kennedylaan.
De brânwacht krige in melding oer reek. Ien kear oanwêzich seagen se dat de bewenner laminaat oan it ferbrânen wie op it balkon. De brânwacht hat de brân blust.
15:52

Brân yn frachtwein op de A7

Frachtwein
De frachtwein © ProNews Producties
Op de A7 by Haskerhoarne is in frachtwein yn de brân flein. In brânblusser wie net genôch om it fjoer út te krijen.
De sjauffeur fan de frachtwein koe der op tiid útkomme en rekke net ferwûne.
De dyk rjochting It Hearrenfean waard ôfsletten.
15:09

Boargemaster Buma slút himpkwekerij yn Ljouwert

himp kwekerij wyt
Himp © Pixabay
Boargemaster Buma hat oan it Zuidvliet yn Ljouwert twa bedriuwspannen en in achterlizzende loads sluten.
Yn de pannen siet in himpkwekerij fan goed 550 planten. De plysje krige der tips oer fia Meld Misdaad Anoniem.
It gebou oan de foarside waard brûkt foar de opslach en it ferfier fan de kwekerij. Beide pannen binne foar trije moannen ticht.
Dit is yn Ljouwert de tredde kear dit jier dat de boargemaster dit docht.