Minder toeristen yn Fryslân: "Minsken wolle it bûtenlan no wer ferkenne"

camping, toeristen
Toeristen sitte foar harren camper © Omrop Fryslân
Wylst hotels, campings en fakânsjeparken yn Nederlân ferline jier in rekôrtal gasten ferwolkommen, rûn it tal gasten yn Fryslân just werom. It wienen der 1,9 miljoen, in delgong fan goed sân prosint, meldt it CBS.
Oan de bûtenlânske gasten hat it net lein, dêr wienen der just mear fan. Dat gong fan sa'n 347.000 nei 372.000, in groei fan goed sân prosint.
De Nederlânske toeristen wisten Fryslân minder goed te finen. 2022 wie mei 1,74 miljoen noch in rekôrjier, mar dat is ferline jier weromrûn nei 1,56 miljoen. Dat is in delgong fan mear as tsien prosint.

"Waarsôfhinklik"

"Friesland is afhankelijker van het weer", seit ûndersiker Luuk Hovius fan it CBS. "Mensen gaan er vaak heen voor de natuur en het water. Er wordt in Friesland ook wat meer gekampeerd, en afgelopen jaar hebben we slechter weer gehad."
Fryslân is ien fan de trije provinsjes dêr't it totale tal gasten ferline jier weromrûn. De oare twa binne Drinte en Noard-Brabân.
Toerisme yn Fryslân
De measte gasten yn Fryslân ferbleaunen yn in hotel: 936.000. Fakânsjeparken ûntfongen 466.000 minsken, campings 344.000. De rest gong nei groepsakkommodaasjes, lykas kampearbuorkerijen.
Fierwei de measte bûtenlânske gasten yn Fryslân komme út Dútslân. Ferline jier wiene ús eastlike buorlju goed foar mear as trijekwart fan alle bûtenlânske gasten yn ús provinsje. Fier dêrnei komme België en it Feriene Keninkryk.
Foar direkteur Martin Cnossen fan marketingorganisaasje Merk Fryslân kamen de wat mindere sifers net samar út de loft fallen, nei de enoarme pyk yn coronatiid.
Martin Cnossen
Direkteur Martin Cnossen fan Merk Fryslân © Omrop Fryslân
"Wy ha it doe hiel goed dien en der siet in enoarme groei yn it tal Nederlânske besikers", fertelt Cnossen. "Dat nimt no wer wat ôf, mar dat is ek wol te ferwachtsjen. Minsken wolle it bûtenlan no ek wol wer ferkenne."

Problemen mei de fearboaten

Ek it mindere waar fan ferline jier spile in wichtige rol. Mar dêrnjonken tinkt Cnossen ek noch oan oare faktoaren, lykas de problemen mei de fearboaten nei It Amelân ôfrûne simmer. "De besikers ha dêr ferline jier bot lêst hân fan de ynstabile fartiden fan de boaten."