Hûn ferstoarn dy't nei yllegale dumping Griene Stjer siik waard

Ferstoarne hûn Griene Stjer
In tinkteken foar hûn Mitch © Duco Wiersma
Ien fan de hûnen dy't nei alle gedachten siik wurden is fan de dumpte grûn yn it gebiet de Griene Stjer by Ljouwert, is ferstoarn. Dat meldt de eigener Duco Wiersma.
Syn hûn Mitch is ôfrûne wike operearre. De bistedokter hat doe grutte stikken tou fuorthelle. Mar in pear dagen dêrnei, dizze snein is er dochs noch ferstoarn. De dokter hat in seksje dien mar dêr kaam noch gjin oanfoljende ynformaasje oer in oarsaak út.
Duco Wiersma
Eigener Duco Wiersma © Omrop Fryslân
De gemeente hat de dumpte grûn yntusken oprêd. It die bliken dat de grûn sels net fersmoarge wie, mar dat der in T-shirt, plestik en tou ûnder lei. Yn alle gefallen binne noch sân oare hûnen siik wurden.
De gemeente hat oanjefte dien by de plysje. Sy roppe eigeners fan hûnen dy't siik wurden binne op om dat ek te dwaan, dan kin de plysje mei in ûndersyk úteinsette.

Melding meitsje

Ek soe de gemeente graach yn kontakt komme mei de hûne-eigeners oer watfoar klachten de bisten krigen hawwe.
Mochten minsken wer sjen dat der ôffal dumpt is, dan roppe se op dêr rap melding fan te meitsjen. De gemeente kin it dan sa gau as mooglik oprêde. In meiwurker fan de ôfdieling Behear sil de kommende tiid faker yn it gebiet kontrolearje.