Henk de Jong wol him yn de beker spegelje oan Hearrenfean: "Dy ha it goeie foarbyld jûn"

Henk de Jong, SC Cambuur
Henk de Jong © Dijks Fotografie
SC Cambuur moat in foarbyld nimme oan sportklup Hearrenfean yn de KNVB Beker, fynt trainer Henk de Jong. Tiisdei spylje de Ljouwerters tsjin NEC om in plak yn de bekerfinale.
It is foar de twadde kear yn de klupskiednis dat Cambuur yn de heale finale fan de beker stiet. Tsjinstanner NEC is de nûmer sân fan de earedivyzje, spilet dus in nivo heger as Cambuur en dêrmei binne de Nijmegenaren de grutte favoryt.
Mar, dat hoecht neat te sizzen. Cambuur kin neffens De Jong ynspiraasje helje út wat Hearrenfean yn 1992/1993 prestearre troch as earste divyzjeklup yn de kwartfinale PSV út te slaan. Uteinlik berikten de Feansters dat seizoen de bekerfinale.
"Dêr wolle hjir net safolle minsken oer prate", seit De Jong. "Mar dy ha it goeie foarbyld jûn troch fan PSV te winnen mei 2-1. Dat is it begjin fan dat se écht goed wurden binne. It soe foar ús ek goed wêze as we mei 15.000 oant 20.000 minsken fan Cambuur nei De Kuip ta geane."
Cambuur trainde foar it earst sûnt lange tiid wer ris besletten
Mar dan moat Cambuur noch wol 'efkes' winne fan NEC. Oer hoe't De Jong en syn ploech dat dwaan sille, woe de trainer net safolle útwreidzje. "Der sil wol wat feroarje, mar net al te folle. Der binne jonges wat heal en dêr moat ik efkes goed nei sjen."
Ien fan dy twivelgefaltsjes is oanfierder Daniël van Kaam. Dy hat freed yn de wedstriid tsjin FC Emmen lêst krigen fan syn boppeskonk, mar hat moandei gewoan meitraind sûnder pine.
De teloarstelling fan freed tsjin Emmen is wer oan kant, as we De Jong leauwe meie. "Wy binne saterdeitemoarn gelyk begûn mei dizze wedstriid. We moatte no genietsje fan alles wat hjir is oan media en fans. As it fluitsje moarn giet, moatte we knalle."
It stadion sil hielendal gek wêze.
Henk de Jong
Dat de heale finale libbet yn Ljouwert, dat mei dúdlik wêze. Snein kamen der mear as tûzen fans nei de training dy't de spilers mei fjoerwurk op skerp setten.
Foar tiisdeitejûn ferwachtet De Jong wer sa'n gekkehûs. "Tsjin Vitesse (yn de kwartfinale, red.) fernaamst it ek. Dan hast it stadion mei en dan kinst net kapot. It stadion sil hielendal gek wêze."
Henk de Jong sjocht dit as de wedstriid fan de iuw yn it Cambuur Stadion
Dat NEC de favoryt is, mei dúdlik wêze. Neffens De Jong heart de ploech fan trainer Rogier Meijer kwa fuotbal sels by klups as PSV en Feyenoord. "NEC is ien fan de best fuotbaljende ploegen fan Nederlân. As we it goed foarinoar hawwe, kinne we der ûnderút fuotbalje."
Der kin tiisdei samar in knyn út de hege hoed fan De Jong komme. Want, hy woe moandei syn plannen net priisjaan. It earste part fan de training wie besletten. Dat is opfallend, om't De Jong dat oars noait docht. "We moatte wat dinkjes betinke. Dat ha we dien. En dan moatte we sjen hoe't it rint."
De heale finale fan de beker is tiisdei live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio. Dat begjint in oere foar de wedstriid, om 19.00 oere. Neist presintator Roelof de Vries skowe analisten Johan Groote en Harm Zeinstra oan.
Groote spile mear as twahûndert wedstriden yn it giel-blau en Zeinstra siet yn 2017 by de Cambuurseleksje, doe't se ek de heale finale hellen.
It kommentaar fan de wedstriid is fan 20.00 oere ôf yntegraal te folgjen en wurdt dien troch sportferslachjouwers Geert van Tuinen en Andor Faber.