Fan noasspray oant faseline: hoe kinst dy wapenje tsjin heakoarts?

It stomoal sweeft wer troch de loft
It stomoal sweeft wer troch de loft © ANP
Troch it sêfte waar stoot it stomoal wer yn 'e rûnte. En dus witte minsken mei heakoarts hoe let oft it is: tiid foar tissues.
Mar wêrom snotteret de ien wol en de oar net? En kinst dy wapenje tsjin it stomoal? "As de krystbeam út 'e hûs is, kinst begjinne mei de noasspray."
De measten sjogge dernei út, de perioade dat planten, beammen en blommen har wer folop sjen litte. Mar der is ek in groep dy't dan de bui alwer hingjen sjocht.
Minsken mei heakoarts kinne nammentlik flink lêst krije fan it stomoal dat frijkomt. Jokjende eagen, prúste, snotterje of in koartsich gefoel, de waarmere dagen gean foar harren hân yn hân mei aaklike klachten.
De hazeler is ien fan de beammen dy 't no foar heakoartsljochten soargje kin.
De hazzenútbeam is ien fan de beammen dy't no foar heakoartsklachten soargje kin © ANP
Hester Grondsma is allergolooch by de DC-kliniken en sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean. Se fertelt dat op it stuit benammen it stomoal fan beammen (ûnder oare de els, bjirk en hazzenútbeam) foar snotterij soargje.
Dêrnei folgje dy fan de gerzen en ûnkrûdsoarten, lykas de blanke aalst en it weversblêd, dy't benammen yn de simmermoannen op aventoer geane.
De Fryske floara dy't heakoarts feroarsaket is trouwens te ferlykjen mei dy fan de oare provinsjes.

Oarsaak fan heakoarts

Heakoarts ûntwikkelet him mei de tiid. Je wurde der dus net mei berne. Mar hoe komt it dan dat de iene him in ûngelok prúst, en in oar nearne lêst fan hat?
"Dêr is noch hieltyd wat ûndúdlikens oer", seit Grondsma. "Wol is helder dat genen in rol spylje."
Allergolooch Hester Grondsma
Allergolooch Hester Grondsma © Sikehûs Tjongerschans Heerenveen
Nei alle gedachten hat de westerske libbenswize dermei te krijen. 150 jier lyn wiene der dúdlik minder minsken dy't lêst hiene fan allergyen, fertelt Grondsma.
In mooglike ferklearring: de barriêren yn it slymflues fan de luchtwegen, terms en de hûd ferswakje. Dat komt troch ferskate stoffen lykas sjippe, fynstof, mikroplestiks en tafoegingen yn iten.

Noasspray nei de krystdagen

Noassprays mei ûntstekkingsremmer helpe om de allergyske reaksjes te ûnderdrukken. De measte pasjinten begjinne dêr lykwols te let mei. "Ik sis altyd dat as de krystbeam út 'e hûs is, je begjinne kinne mei de noassprays."
Wat ek fertuten dwaan kin, is ymmunoterapy. Dit is in proses fan trije- oant fiif jier dat derfoar soarget dat de klachten foargoed ferdwine. Alteast, dat slagget de helte fan de kearen.
It heakoartsseizoen krûpt hieltyd mear nei foaren
It heakoartsseizoen krûpt hieltyd mear nei foaren © ANP
By ymmunoterapy stelst it ymmúnsysteem bleat oan 'e stof dêr'tst allergysk foar bist. Dat bart troch alle dagen in tablet mei allergeenstof ûnder de tonge rane te litten.
Dizze perioade hat dyn lichem nedich om tolerânsje op te bouwen tsjin de stof dêr'tst allergysk op reagearrest. It soarget foar tolerânsje foar in spesifike allergy.
In oare metoade is de allergeenstof ynjektearje. Earst wykliks, letter alle moannen.

Ynsmarre mei faseline

Minder rigoreuze stappen binne de ruten ticht hâlde, en bûten in sinnebril opsette, tsjin de jokte yn de eagen.
Ek dyn noas ynsmarre mei faseline wurket. Sa bliuwt it stomoal oan de faseline plakken en komt it de noas net binnen. "En waskje dyn hannen ast yn de tún wurke hast."
Wy hawwe ôfrûne jier gjin winter hân. Dêrtroch rint de natuer twa wiken foar.
Allergolooch Hester Grondsma
Grondsma sjocht it allergyseizoen hieltyd wat nei foaren krûpen. Dat hat neffens har te krijen mei it feroarjende klimaat. "We ha it ôfrûne jier bygelyks gjin winter hân. Dêrtroch rint de natuer twa wiken foar."
Ek binne der gruttere útsjitters. "De earste helte fan 2023 wie tige wiet. Dêrnei stie yn juny alles yn bloei. Dat soarge foar in flinke pyk."

Soms deselde gefolgen as te folle alkohol

De allergolooch fertelt dat heakoarts it deistich libben flink beynfloedzje kin. "Troch de symptomen kinst wurch reitsje en muoite hawwe om dy te konsintrearjen. Soms liedt dat ta syktefersom."
Ek seit se dat heftige heakoarts it reaksjefermogen beynfloedet. "Dat kin like min wêze as fan ien dy't inkelde glêzen alkohol op hat. Autoride is soms dan ek net ferantwurde", seit Grondsma. "Ja, heakoarts is in fenomeen om serieus te nimmen."