Liveblog | 26 febrewaris

112-nijs 26 febrewaris: Wurkstraf Wolvegeaster foar mishanneljen ferkearsregelaar

Yn dit blog hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 26 febrewaris, 15:07
15:07

Ungelok N31 by Warten soarget foar file

Ungelok soarget foar file
Ofbylding as yllustraasje © ProNews Producties
Op de Wâldwei (N31) by Warten is moandeitemiddei in automobilist ferwûne rekke by in iensidich ûngelok.
De dyk waard koarte tiid ôfsletten yn de rjochting fan Drachten.
De automobilist kaam tsjin de fangrail telâne en is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.
14:39

Plysje hellet fertochte fan stellerij út wenning yn Ljouwert wei

De plysje hat moandei in fertochte fan stellerij út in wenning yn Ljouwert weihelle. It is dêrby holpen troch in spesjalisearre team fan de plysje dat helpt by komplekse en risikofolle oanhâldingen.
By de ynfal is in 25-jierrige fertochte oanholden foar stellerij mei geweld. De fertochte is oerbrocht nei it finzeniskompleks yn Ljouwert. De resjerzje giet fierder mei it ûndersyk.
13:49

Wurkstraf foar Wolvegeaster foar mishanneljen fan ferkearsregelaar

In Wolvegeaster hat in wurkstraf fan 20 oeren krigen foar it mishanneljen fan in ferkearsregelaar. De 20-jierrige man siet ein april 2022 by syn heit yn de auto. By wurksumheden oan de dyk yn Wolvegea soe ûnienichheid ûntstien wêze mei in pear ferkearsregelaars.
De soan seit dat er úteinlik troch ien fan de regelaars oanfallen waard. Neffens de regelaar wie it just oarsom. Dat ferhaal waard troch oare omstanners befêstige. De rjochter fûn dat ek it betrouberste ferhaal. De rjochter fûn it "kwalijk" dat de heit en soan sels bepale woenen oft se trochride koenen of net. "Die regelaars staan daar niet voor niks, dat zijn kwetsbare mensen."
justysje stock
Justysje © Shutterstock.com
07:37

Auto yn 'e sleat by Easterwâlde

ungelok n381
De auto yn de sleat by Easterwâlde © BTB Fotografie
By in ûngelok op de N381 is in auto yn de sleat bedarre. Tusken Easterwâlde en Appelskea rekke de automobilist fan de dyk.
Helptsjinsten seagen dat de bestjoerder net ferwûne wie. De auto is ôfsleept en de dyk is yntusken wer hielendal iepen.
07:36

Omlieding nei sikehûs Drachten

07:00

Goeiemoarn

Wolkom by it 112-liveblog fan hjoed. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
It 112-nijs fan juster fynst hjir werom.