Traumatysk ferhaal bringt skriuwer út Haarlem werom yn Fryslân

NH GRUT
In byld út de foarstelling fan Lex Paleaux © Geja Sikma, NH Nieuws
Foar skriuwer Lex Paleaux is it net samar wat, dat in teäterstik dat basearre is op syn boek no yn Drachten op de planken brocht wurdt.
Paleaux wennet yn Haarlem, mar is berne yn Fryslân. It ferhaal fan syn earste boek Winterwater is traumatysk, en basearre op syn eigen ûnderfining mei seksueel misbrûk. Dat meldt NH Nieuws.
Dat it no yn Fryslân op toniel te sjen is, en ek te lêzen yn in Fryske oersetting fan syn boek, is foar him ekstra spannend. Want no kinne freonen en kennissen út syn jeugd it yn de eigen memmetaal lêze.
De regionale omrop NH Nieuws wie by de Fryske premjêre yn Drachten:
"Der wurdt ien lyts sintsje yn it Frysk sprutsen, en dat fyn ik wol hiel leuk"
De foarstelling is net allinne yn Drachten te sjen, mar ek yn Ljouwert, en giet letter nei Nijmegen, Amersfoort, Almere, Amsterdam, Alkmaar en Utrecht.
It stik is geskikt foar jongeren fan 14 jier ôf. Dat is presys it publyk dat Paleaux hopet te berikken. "As der mar ien bern is, dat tinkt 'der is ien dy't my sjocht', dan is myn missy slagge."