Sulver 'mei in gouden rantsje' foar Homme Jan de Groot yn Sweden

Sweden
De striid yn Sweden © Tims Imaging
Homme Jan de Groot fan Hilaard is twadde wurden yn de lêste bûtenlânske wedstriid op natoeriis fan dit seizoen. It is sulver mei in gouden rantsje, seit er.
De wedstriid it Sweedske Luleå gie oer 150 kilometer. Gary Hekman waard earste.
De Groot siet al betiid yn in kopgroep fan fjouwer. Dy groep hat 140 kilometer oan kop riden: tsien kilometer nei de start kamen se al los fan it peloton.
Sa wint Homme Jan de Groot sulver 'mei in gouden rantsje' yn Sweden
"Ja, it wie echt hiel lang", seit De Groot nei ôfrin. Hy hie net direkt yn de gaten dat dizze kopgroep oant de finish fuortbliuwe soe. "Ik tink: it is gewoan in 'vroege vlucht', en besocht sa goed mooglik mei te riden."
Doe't de kopgroep in foarsprong hie fan fiif minuten, setten de achterfolgers oan, seit De Groot. "Mar se kamen der net by. En doe spatte dy groep ek noch út mekoar. Dêr krige ik wol fertrouwen fan."
De Groot gie sûnder plan de finale yn. "Ik bin gjin sprinter. Dus it wie pokerjen. Ik waard noch lost, mar kaam der wer by. En yn de lêste meters kaam ik noch hiel ticht by Hekman."