Ald-Cambuurspilers yn tsjinst fan NEC: "Tuurlijk gun ik Cambuur iets, maar nu niet"

De spilers fan NEC fiere in doelpunt tsjin Sparta Rotterdam
De spilers fan NEC fiere in doelpunt tsjin Sparta Rotterdam © ANP
Yn de persoanen fan Mees Hoedemakers en Tjaronn Chery treft SC Cambuur jûn yn de heale finale fan de KNVB Beker twa spilers by NEC mei in ferline yn it giel en blau. Hoedemakers spile fjouwer seizoen yn Ljouwert, Chery in koarte ferhierperioade.
Ek al is it yntusken mear as fyftjin jier lyn dat er syn keunsten yn Ljouwert sjen liet, de sfear yn it Cambuurstadion stiet Chery noch helder foar de geast. "We moeten scherp zijn. Het is voor Cambuur een belangrijke wedstrijd, maar voor ons ook."
De yntusken 35-jierrige middenfjilder spile yn 2009 santjin duels foar SC Cambuur, om dêrnei oan in lange swalktocht troch it ynternasjonale fuotbal te begjinnen. Sûnt ferline moanne stiet Chery ûnder kontrakt by NEC.
NEC trainde net op strafskoppen: "Wedstrijd daarvoor al beslissen"
Chery kaam oer fan de Israëlyske klup Maccabi Haifa. "Het wordt een wedstrijd op zich. Als Cambuur wint, dan is dat iets wat ze nooit weer zullen vergeten. Maar dat hebben wij ook. Bij ons zijn ook veel jongens nog nooit zover gekomen in de beker."
Hy sels wol: Chery wûn yn syn tiid by FC Grins de KNVB Beker. "De beste gaat de halve finale spelen, dus we mogen niet verslappen."
Dy ûnderfining besiket Chery ek oer te bringen op syn teamgenoaten. "Je weet waar je het voor doet."
Tjaronn Chery
Tjaronn Chery © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De lokale en regionale media op de lêste training fan NEC waarden flink wat sân yn de eagen struid troch ûndúdlik te wêzen oer it filmjen fan de lêste training fan de Nijmegenaren. Dy mocht pas yn byld brocht wurde nei in bepaald tiidstip. Mar doe't it ienkear safier is, rûnen de spilers fan NEC al fan it fjild.
Trainer Rogier Meijer wie him fan gjin kwea bewust. Yn tsjinstelling ta wat der ôfpraat wie, sei er dat de parse gewoan filmje mocht. "Maar jullie waren er niet."
Op de lêste training fan de ploech waard net oefene op strafskoppen. "We trainen daar wel vaker op, maar niet specifiek voor deze wedstrijd", seit Meijer.
"We hopen de wedstrijd voor het einde te beslissen", heakket Chery deroan ta.
Haadtrainer Rogier Meijer fan NEC stiet de parse te wurd
Haadtrainer Rogier Meijer fan NEC stiet de parse te wurd © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Foar Mees Hoedemakers is it bekertreffen mei Cambuur in stik spesjaler. Hoedemakers spile fjouwer seizoenen foar de Ljouwerters. Hy fynt it bysûnder om werom te kommen yn it Cambuurstadion, al hielendal foar sa'n wichtige wedstriid. "Natuurlijk gun ik Cambuur wel wat, maar in deze halve finale even niet. Ik hoop natuurlijk dat wij winnen."
"Ik vind het heel leuk om terug te komen en de supporters van Cambuur weer te zien, maar ook de jongens waar ik mee samenspeelde."
Mees Hoedemakers by NEC
Mees Hoedemakers by NEC © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
"Het is natuurlijk een uniek moment, voor beide ploegen. Ik kijk er echt naar uit." Stikem dreamt er al wolris fan it spyljen fan in bekerfinale. "Een bekerfinale spelen met NEC zou wel heel bijzonder zijn. Ik stel me dat al wel eens voor in m'n dromen, spelen in de Kuip om de beker."
Het kan in elk stadion stormen, maar in het Cambuurstadion wel anders.
Mees Hoedemakers, spiler fan NEC
Hoedemakers wit hoe't is om yn it Cambuurstadion te spyljen. "Ik heb m'n medespelers wel gewezen op het kunstgras in Leeuwarden. Dat is even wennen voor ons. Ik weet dat het kan stormen daar, ik heb dat als geen ander meegemaakt. Het kan in elk stadion stormen, maar in het Cambuurstadion wel anders."
NEC behelle fjouwer kear de finale fan de KNVB Beker. De earste kear wie yn 1972 tsjin NAC Breda (2-0 ferlies). Dêrnei folgen noch finales tsjin Ajax (1983, 3-1 ferlies), Feyenoord (1994, 3-1 ferlies) en Roda JC (2000, 2-0 ferlies).

"Vol gas"

NEC wie ek de lêste klup dy't as earstedivyzjonist de bekerfinale helle. Dat wie yn 1994. Hoedemakers sil jûn yn alle gefallen alles dwaan om foar te kommen dat Cambuur datselde prestearret. "We gaan vol gas."
Mar dêrbûten hat er ek wat sympaty foar de Ljouwerters.
"Ik hoop dat de supporters er ook een beetje van gaan genieten. Net als de spelers en wij dat gaan doen. Laten we er een mooie wedstrijd van maken en moge de beste winnen!"