Wolsto dizze fearpont keapje? Bekend pontsje De Feanhoop ûnder de hammer

Grietman
De Grietman © Omrop Fryslân
It is gjin alledeiske feiling: it fearpontsje 'De Grietman' wurdt ferkocht. It fear altyd tusken de buorskip Headammen en De Feanhoop, mar it âlde pontsje is ferfongen.
Moandei om 20.10 oere rint de feiling ôf. De Grietman rint noch op disel, dêrom hat de gemeente besletten de âlde pont te ferfangen foar 'De Grietman Eco'. Dat is in elektryske pont mei sinnepanielen.
Sjoggers by it pontsje De Grietman
Op de nije pont kinne wol minder fytsers, mar neffens de gemeente is dat gjin probleem. De ôfrûne tiid is der al proeffearn mei de nije pont, en dat slagge goed. In oar foardiel is dat de frijwilligers gjin grut farbewiis nedich ha.
De pont is boud yn 1956 troch de ferneamde werf Akerboom yn Oegstgeest. Hy hat in skoft farre yn Zaandam. Doe hjitte de pont noch de 'Ruijterveer'. Neidat dêr in brêge kaam, is de pont nei Drachten ta ferhuze.
Dus hat ek de histoaryske kring fan Zaandam belangstelling. Sy wolle de pont graach werom hawwe yn Zaandam. Mar ek oare gemeenten binne ynteresearre, omdat de pont noch goed farre kin.
Takom moandei rint de feiling ôf. De gemeente hopet tusken de 30- en 40.000 euro dermei op te heljen. In dei foar it sluten fan de feiling stie it heechste bod op 13.000 euro.