Earste noardlike fakânsjebeurs biedt B&B's en boerecampings ek in plak

Gesellige drokte op de fakânsjebeurs
Gesellige drokte op de fakânsjebeurs © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
It moat de grutte tsjinhinger wurde fan grutte rekreaasjebeurzen yn it lân: de 'Vakantiebeurs Noord-Nederland'. Dit wykein wie de earste edysje yn De Skâns op De Gordyk.
It is in spektakel foar de fakânsjeleafhawwer: grutte rekreaasjebeurzen yn grutte romtes yn Amsterdam en Utrecht. Mar foar standhâlders is dat ferhipte djoer. Dus komme lytse lokaasjes lykas B&B's en boerecampings der faak net by.

Gjin djoere stands

Dat moat oars, fine de ûndernimmers Louis Oudshoorn fan De Feanhoop en Arie Jonkman fan Lippenhuzen. "Als je naar de fiets- en wandelbeurs gaat, kost een stand al gauw twee- à drieduizend euro."
Op dizze beurs kostet in stand 60 euro de meter. "Dus heb je hier voor 200 euro al een grote stand. Dat is voor de kleinere bedrijven op te brengen."
Organisator Arie Jonkman
Organisator Arie Jonkman © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Jonkman hat it machtich nei it sin op de beurs. En hy is net te missen. Mei Fryske galgen en strik kuieret er grutsk troch de sporthal dêr't de beurs stiet.
"Die heb ik op beurzen altijd aan", seit er. "Dan weten de mensen op afstand al of ze het wel of niet leuk vinden om bij onze stand langs te komen."
Jonkman stiet sels ek mei in stand op de beurs. En der is in grut ferskaat oan fakânsje-oanbod. Sels reizen nei Dútslân, België en Súd-Afrika wurde hjir oanbean.
Het is het dubbele van het aantal bezoekers dat we dachten.
Organisator Arie Jonkman
Dat Jonkman sa grutsk is, komt ek troch de opkomst. De hoop wie dat der tûzen besikers komme soene dit wykein. Sneontejûn wie dat al hast berikt.
"We zitten nu al bijna op 800 mensen", seit Jonkman. "Dat is het dubbele van wat we voor deze middag dachten. Daardoor zijn de standhouders ook ontzettend tevreden."
Nei Fryslân of Súd-Afrika? It kin beide op de fakânsjebeurs
Nei Fryslân of Súd-Afrika? It kin beide op de fakânsjebeurs © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Jonkman wiist wol op it doek dat in part fan de sporthal ôfskermet. "We hadden graag het dubbele aantal standhouders gehad. Maar het is ook de eerste keer. Mensen vragen zich ook af of het wat wordt."
Dus hat er in doel foar it nije jier, want opnij de beurs organisearje wol Jonkman wol. "Ik heb vandaag al collega's gesproken uit het zuiden van Drenthe, die werden ook al enthousiast. Dus ik denk dat die hier volgend jaar ook staan."