Liveblog | 25 febrewaris

Skoarstienbrân gau ûnder kontrôle | Bern net ferwûne by oanriding Wynjewâld

Yn dit blog hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 25 febrewaris, 22:16
22:16

Skoarstienbrân Sint Jabik gau ûnder kontrôle

AS Media
Brânwachtminsken yn Sint Jabik © AS Media
De brânwacht hat yn Sint Jabik in brân blust yn de skoarstien fan in wenning. Mei in trep koene se de skoarstien berikke. Se ha de wenning fentilearre om de reek der út te krijen.
It is net dúdlik hoe't de brân ûntstien is. Neffens de earste berjochten is der net ien ferwûne rekke.
16:21

Drokte foar goedkeape benzine yn Drachten

benzine
Net alle bestjoerders kamen oan bar © SR Fotografie
In aksje fan in tankstasjon hat yn Drachten soarge foar in lange rige auto's. In mingel benzine koste 1,33 euro. De aksje begûn om 15:00 oere en in goed healoere letter wie it wer dien.
It tankstasjon hie ferkearsregelders ynset om de tastream fan auto's yn goede banen te lieden. Net elkenien kaam oan bar: misken dy't te let wiene krigen in tegoedbon fan it tankstasjon.
15:28

Bern net ferwûne by oanriding Wynjewâld

SR
Ien fan de beide auto's © SR Fotografie
Yn Wynjewâld binne twa auto's mei mekoar yn oanriding kaam. In parsefotograaf dy't op it plak fan it ûngelok is, meldt dat der meardere bern yn ien fan de beide auto's sieten.
Der is net ien ferwûne rekke by it ûngelok. De oanriding soe ûntstien wêze neidat ien fan beide auto's útwike moast, en tsjin de oare auto oan botste.
13:10

Foermingwein yn 'e brân yn Boarnburgum

De brân
De brân © SRFotografie
Yn Boarnburgum is snein in foermingwein yn 'e brân rekke, efter in buorkerij. De brânwacht fan Beetstersweach is útriden foar de melding. Der kaam in soad reek frij by de brân, dat yn de omkriten goed te sjen wie.
It gie om in selsridende wein mei in soad hydrauliekoalje, dêrom hat de brânwacht wol in skoft dwaande west om it fjoer út te krijen. Der binne gjin minsken ferwûne.
12:18

Auto fan de dyk by Eanjum

Sa lei de auto der by
Sa lei de auto der by © Marcel Renou | RTV NOF
Op de H.M. Gerbrandywei (N361) by Eanjum is snein in auto fan de dyk rekke. De auto fleach in flink ein fan de dyk ôf en bedarre yn in groppe. Der rekke gjinien ferwûne by it ûngelok. De helptsjinsten binne op it plak kaam om it ûngelok ôf te hanneljen en de auto is troch in berger meinaam.
10:40

Bestjoerster botst tsjin auto en beam yn Burgum

De auto kaam tsjin dizze beam ta stilstân
De auto kaam tsjin dizze beam ta stilstân © SRFotografie
Yn Burgum is sneontejûn in bestjoerster tsjin in auto en dêrnei tsjin in beam oanriden. Dat barde op de Kwekersstrjitte.
Omwenners waarden om 01.30 oere hinne wekker fan in hurde klap. Sy giene fuortendaalks sjen, hawwe de helptsjinsten belle en hawwe earste help ferliend.
De bestjoerster fan de auto rekke ferwûne by it ûngelok. Sy is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. In berger hat de skansearre auto's wer fuorthelle.