In pûde mei foar de bôle: "Fjirtich dagen sûnder plestik is net altyd maklik"

fjirtich dagen plestikfrij
It labyrint op Jiskewoansdei © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It projekt 'Veertig dagen plasticvrij vasten' fan de Ljouwerter tsjerkemienskippen rint no in skoftke en se binne tefreden oer de belangstelling. Dielnimmers leare ferpakkingsfrij te libjen, mar hoe dogge je dat mei it keapjen fan molke of parfum?
De seis wiken foar Peaske binne yn religieuze kringen foar besinning op wat belangryk is yn it libben en it fuortlitten wat oerstallich is.
Fjirtich dagen hielendal sûnder plestik, dat slagget net. Mar it wie ek mear de bedoeling om te sjen wat wol mooglik is en hokker duorsume aktiviteiten der te dwaan binne.
Fjirtich dagen sûnder plestik
It begûn op Jiskewoansdei, de earste dei fan de fêsteltiid, de vastentijd. Dielnimmers koene oer in labyrint op in grut doek hinne rinne yn de Doopsgezinde tsjerke. It hie besinning as doel.

Spirituele boadskip

Eltsenien koe dêr sels bepale wêroer. Neitinke oer hoe minder plestik te brûken, soe in foarbyld wêze kinne, seit Everdien van der Hel fan de organisaasje.
"Je loopt naar binnen met een vraag. Na heel veel bochten, die hobbels op je weg kunnen zijn, kom je in het centrum. Dat is het rustpunt waarin je gewoon even mag zijn. Of soms popt er iets op van waar je mee bezig bent."
Yn it midden lizze 'ingelkaartjes' mei in spirituele boadskip. "Dat woord van het engeltje kan steunend zijn", leit Van der Hel út. "Met dat wat er in de rust gebeurt, loop je weer naar buiten, de energie is dan weer anders en dan maak je een overgang van de binnenwereld naar de buitenwereld."
fjirtich dagen plestikfrij
Labyrint yn de Doopsgezinde tsjerke © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Fierderop yn de stêd wie der in stedstoer by griene winkels del en op de freedsmerk. By de molkboer molke helje mei eigen flessen, by de nutebar eigen pûdsjes folje of sels parfum taapje. Boadskippen dwaan sûnder plestik kin yn Ljouwert op mear plakken as dat de dielnimmers tochten.

Pûde mei

"Allemaal nieuwe verrassingen voor mij", fertelt Zwanny Wouda. "Zoals een parfumwinkeltje. Ik kon zelf nog wat adresjes aanwijzen op de markt en ondertussen kon ik mijn marktboodschapjes ook even doen." Plestikfrij fansels. Sa nimt se sels in pûde mei foar de bôle.
De toer einige yn de Vijzelstrjitte. Dêr hat in kollektyf fan fjouwer ûndernimmers duorsume, griene winkeltsjes opset. Wina Jongsma fan Green en Co. ferkeapet ûnder oaren tee, kosmetika en kado's. Alles sirkulêr en miljeufreonlik.
Dêr is ek it ôfhelpunt fan streekprodukten Van Boer naar Burger. Jongsma oer de stedstoer: "Wy fine it super dat de minsken sa yntrodusearre wurde yn it shoppen yn ús strjitte. It past perfekt by dit inisjatyf."
fjirtich dagen plestikfrij
Dielnimmers oan de plestikfrije stedstoer troch Ljouwert © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Plestik fjirtich dagen lang hielendal net brûke is dreech, wit Janneke Lettinga fan de Doopsgezinde gemeente. "It is net altyd maklik, mar wy besykje it. It is in moaie útdaging. En we besykje de minsken mei aardige dingen entûsjast te krijen. Krekt lykas de stedstoer. Je ûntdekke je eigen stêd en je ferlizze je eigen grinzen op in moaie manier."

Noch nea plestik kocht

De dielnimmers binne benammen minsken dy't al bewust omgeane mei plestik en miljeu. "Ik gebruik al heel lang zo weinig mogelijk plastic", seit stedstoerdielnimmer Zwanny Wouda. "Ik heb nog nooit plastic gekocht, van mijn leven nog niet."
Fjirtich dagen plestikfrij
Janneke Lettinga en Zwanny Wouda op stedstoer © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Dy doelgroep wie wol ferwachte, seit Lettinga. "Wy hawwe boekjes dellein by winkels dêr't al plestikfrij ferkocht waard, dus it is logysk dat dy minsken der al in bytsje mei dwaande binne. Mar eltsenien seit: ik wol graach noch in stapke fierder en dat kin dus ek mei it boekje."
Se doelt op de útjefte fan de Doopsgezinde Gemeente, de RK Sint-Vitusparochie en de Jacobijner wykgemeente fan de Grote Kerk, Veertig Dagen Plasticvrij Vasten.
Dêr stiet de aktiviteiteaginda yn, mar ek tips foar plestikfrij winkeljen, resepten en de mooglikheid om mei in skema it ferbrûk oan plestik by te hâlden en te ferminderjen. It is ek te finen op de webside geloveninleeuwarden.nl.
Eltsenien kin noch oant de Peaske meidwaan oan ferskillende duorsume aktiviteiten, lykas in kuiertocht dêr't plestik opromme wurdt, workshops om sels deodorant of sjippe te meitsjen, lêzingen of in repair café foar tekstyl.