Jetlag of net, Rijpma-de Jong en Prins ride flugger as oait op NK

Tim Prins, NK sprint
Tim Prins © Orange Pictures
It is noch gjin wike lyn dat Antoinette Rijpma-de Jong, Tim Prins en Marrit Fledderus weromkamen út it Kanadeeske Calgary. Dochs moatte se der dit wykein wer stean op it NK allround en sprint.
En dat is net sa maklik, jout Prins ta. "Ik ha juster mar twaenheal oere sliept. Fannacht waard ik wer om tsien oer trijen wekker. Doe tocht ik: it bart my net wer dat ik wer net yn sliep fal", fertelt de 20-jierrige reedrider.
Oan de resultaten fan sneon te sjen, is Prins gau wer yn sliep fallen, want hy ried op it NK sprint 0,22 sekonde fan syn persoanlik rekôr ôf op de 500 meter. "Ik wie frij gau wer fuort en ha noch in prima nacht draaid", befêstiget Prins.
Ek Rijpma-de Jong sliepte dizze wike net top. "Tsien kear yn in nacht wekker wurde, is net hiel ideaal", seit se nei de earste dei fan it NK allround.
Antoinette Rijpma-de Jong hat op dit NK net safolle lêst fan de jetlag
De Rottumse moast in knop omsette en dat hat se dien. Op de earste 500 meter fan it NK allround ried se nammentlik in persoanlik rekôr. "Ik bin der wol bliid mei. It fielde wer goed yn Thialf. It gefoel dat ik yn Calgary miste, hie ik hjir wer."
It WK ôfstannen yn Calgary ferrûn foar Rijpma-de Jong teloarstellend mei trije fjirde plakken. "It iis is dêr folle sêfter. Hjir is it fjouwer graden kâlder. Dêr wie it it krekt net en hjir fielde it wol goed."
It late der sneon ta dat Rijpma-de Jong nei de earste dei fan it NK allround op it earste plak stiet. Se wûn de 500 meter en waard twadde op de 3.000 meter. "Ik bin bliid mei de 500 meter en tefreden mei de 3.000 meter", seit de reedrydster fan Jumbo-Visma.

Prins trapet yn in skuor

Lykas Rijpma-de Jong notearre ek Prins syn fluchste tiid oait op de 500 meter. Dat is sûnt sneon 34,76, wylst it persoanlik rekôr foar dit seizoen noch op 35,70 stie. "Dit wie in hiel goeie 500 meter."
In skuor yn it iis soarget foar segryn by Tim Prins
Dochs is der nei ôfrin frustraasje by de reedrider fan Reggeborgh. Dat sit him yn syn 1.000 meter. "Ik ryd in hiel goeie 1.000 meter, oant ik hast op myn plaat gean", fertelt Prins. Hy koe syn hân krekt efkes op it iis lizze om op 'e skonken stean te bliuwen.
Neffens Prins is in skuor yn it iis, ûntstien troch in fal fan ploechgenoat Hein Otterspeer in rit earder, de oarsaak. "Dat binne wol djoere flaterkes, as de konkurrinsje sa stevich is. Ik fûn it net echt hielendal myn flater, mar ik traapje troch dy skuor. Dat is gewoan pech", is de miening fan de Jouster.

Teloarstellende 1.000 meter foar Fledderus

Pech hie Marrit Fledderus net op de 1.000 meter, it wie simpelwei net goed genôch. Se waard fjirde en moast hast in sekonde tajaan op winneres Isabel Grevelt. "Ik baal der echt fan. Ik ryd technysk echt min. Ik wit dat it folle better kin as dit", seit Fledderus.
Ik tink dat it lestich wurdt, want it gat is wol grut.
Marrit Fledderus
De Sint-Nykse kin har net folle permittearje. Trochdat Jutta Leerdam en Femke Kok al wis binne fan it WK sprint, giet allinnich de winner fan dit NK nei it WK. Fledderus hat foar de 500 meter fan snein in efterstân fan 0,38 sekonde op koprinner Isabel Grevelt.
"Ik tink dat it lestich wurdt, want it gat is wol grut", jout Fledderus ta. "Mar ik wit dat de 500 meter noch folle better kin. Ik besykje moarn sa'n grut mooglik gat te pakken op de 500 meter." Dêrnei ride se noch in 1.000 meter.
Wize nei de jetlag wol Fledderus net. "Grevelt wie ek yn Calgary, dus dat is gjin ekskús. Ik moat der net mei dwaande wêze en technysk goed ride."
Marrit Fledderus baalt nei de earste dei fan it NK sprint
Nei de earste dei stiet Prins fjirde yn it klassemint fan it NK sprint. De gatten binne lykwols lyts. "Ik moat soargje dat ik moarn twa hiel goeie races ryd. We sjogge moarn oft it flaterke my de kop koste hat", seit Prins.
Hy jout de moed om by de earste twa te einigjen op dit NK yn alle gefallen noch net op. Mocht hy dit helje, dan fertsjinnet er in startbewiis foar it WK sprint. Prins: "As ik moarn de 500 meter ryd sa as hjoed en in noch bettere 1.000 meter, dan bin ik noch altyd gefaarlik."
It NK allround en sprint gean snein fierder yn Thialf. Antoinette Rijpma-de Jong rydt dan noch in 1.500 meter en, as se by de bêste acht sit, ek noch in 5.000 meter. Marrit Fledderus en Tim Prins komme snein yn aksje op harren twadde 500 en 1.000 meter.
Foar Rijpma-de Jong is allinnich de winst op it NK allround genôch, omdat Marijke Groenewoud en Joy Beune al pleatst binne. "It jout fertrouwen foar moarn. Ik hoopje dat ik in goeie 1.500 meter delsette kin. Dan sjogge we wol foar de 5.000 meter wat ik oer ha."