Liveblog | 24 febrewaris

112-nijs 24 febrewaris: Auto yn de greppel by Appelskea | Ferwûne by botsing op De Lemmer

Yn dit blog hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 24 febrewaris, 20:23
20:23

Auto yn de greppel by Appelskea

Auto yn de greppel
Auto yn de greppel © BTB Fotografie
In auto is sneontejûn fan de dyk rekke op de krusing fan de Bosweg mei de Oude Willemsweg yn Appelskea. De auto bedarre úteinlik yn in greppel.
In omstanner hat de ynsitters út de auto holpen. Sy binne net ferwûne rekke. De auto rekke wol skansearre.
10:20

Ferwûne by botsing tusken auto's op De Lemmer

De auto's op de dyk
De auto's op de dyk © ProNews Producties
Op De Lemmer is in persoan ferwûne rekke by in ûngelok op de krusing fan de N359 mei de Plattedijk. Twa auto's botsten dêr opinoar. Ien persoan is nei kontrôle en behanneling op it plak sels mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.
Yn ôfwachting fan de helptsjinsten hawwe omstanners in skoftke it ferkear om it ûngelok hinne laat. Beide auto's rekken flink skansearre.
09:59

Oanriding mei trein yn Ljouwert

Helptsjinsten by it spoar
Helptsjinsten by it spoar © Kappers Media
Yn ferbân mei in oanriding rieden der in skoft gjin treinen tusken Hurdegaryp en Ljouwert. Dat soe bard wêze by de oergong fan it spoar oan de Oostergoweg. Dêr wiene helptsjinsten oanwêzich.
De ferwachting wie dat it opûnthâld noch oant 13.15 oere duorje soe, mar krekt foar 12.00 waard it treinferkear wer op gong set. Arriva hie yn de tuskentiid bussen ynset.
08:05

Plysje hat de hannen fol oan scooterriders ûnder ynfloed

In plysje oan it wurk
In plysje oan it wurk © ANP
By Kollum binne freedtejûn meardere scooterriders oan de kant set. De hanthavening seach om 19.30 oere op de Foarstrjitte in scooter dy't flink oan it toeterjen wie. De bestjoerder negearre in stopteken. Uteinlik slagge it de hanthavening om de scooter by de Willem Lodewijkstrjitte oan te hâlden.
De 30-jierrige bestjoerder fan Noardeast-Fryslân ried mei alkohol op en hie in rydbewiis dat net mear jildich wie. De plysje hat foar alle feiten in proses-ferbaal opmakke.
Fan Kollum nei Aldwâld
De plysje seach freed in scooter sûnder ljocht op de Van Limburg Stirumweg riden. Ek dizze bestjoerder besocht út te naaien, mar op de Nijenhof yn Aldwâld koe de man oan de kant set wurde. De 43-jierrige bestjoerder út Achtkarspelen is meinaam nei it plysjeburo.
Dizze bestjoerder wurdt fertocht fan it riden mei drugs op en it riden mei in ûnjildich rydbewiis. Der is in bloedûndersyk dien en ek hjir wurdt in proses-ferbaal opmakke. Om't it net de earste kear wie foar de man, is syn scooter yn beslach naam.
08:01

Begjinnend bestjoerder (21) rydt mei drank op

Yn Burgum is in 21-jierrige bestjoerder oanholden om't er mei drank op efter it stjoer siet. In tsjûge seach dat er oer de N31 slingere en hast de fangrail rekke. By de Mr. W.M. Oppedijk van Veenweg koe de plysje de auto oan de kant sette.
De bestjoerder blies mei in azemanalyze in skoare fan 520 µg/l. Dat is hast seis kear safolle as tastien foar in begjinnend bestjoerder. Der is in proses-ferbaal opmakke en syn rydbewiis is ynnaam.
08:00

Goeiemoarn

Wolkom by it 112-liveblog fan hjoed. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
It 112-nijs fan juster fynst hjir werom.