Cambuur ferskûlet him net efter busmaleur: "Ik fyn it echt beneden nivo"

Trainer Henk de Jong
Trainer Henk de Jong © Orange Pictures
"Ik fyn it echt beneden nivo", seit trainer Henk de Jong. Syn Cambuur ferlear mei 2-0 fan FC Emmen. "Ik fûn it 'zouteloos.' Der siet neat yn, op gjin inkelde posysje."
Al nei in lytse tsien minuten kamen de Ljouwerters efter te stean. "Ofstânsskot. Unfoarstelber", seit De Jong. "Sy wiene folle sterker. Wy hawwe ferlern troch in better Emmen."
Dat de coach der min oer te sprekken is, dat is dúdlik te fernimmen. "Ik fyn it teloarstellend. Je riede je goed ta. Der gebeure gekke dingen op de hinnereis, it wie libbensgefaarlik hjir. Mar dan komst hjir en tinkst: no geane wy, derop knalle."
Trainer Henk de Jong: "Ik fyn it echt beneden nivo"
De Jong ferwiist nei de maleur mei de spilersbus, dy't tusken Donkerbroek en Makkingea stil kaam te stean. Mei in reservebus moasten de spilers nei de wedstriid brocht wurde. Cambuur frege om de wedstriid wat út te stellen, mar dêr woe de KNVB net yn mei.

"Net efter ferskûlje"

"It wie wol hiel ferfelend. Wy moasten op de plysje wachtsje, want de dyk moast ôfset wurde. Wy koene de bus net út. It wie libbensgefaarlik, op in gegeven stuit gie in frachtwein hiel ticht by ús del. Doe hawwe wy echt gelok hân."
"Mar klear, as de KNVB it net wol, dan hâldt it op", seit De Jong. En boppedat: "Ik kin my dêr ek net efter ferskûlje. Dit wie gjin spul."
Léon Bergsma: "De energie zat er niet in"
Ferdigener Léon Bergsma fûn it 'yn alle fasetten' in minne wedstriid. "De energie zat er niet in", seit hy.
"Het begint bij het druk zetten voorin. We kregen daar weinig druk op en dan wordt het naar achteren lopen. We waren in alle duels te slap. Dan helpt het ook niet mee dat je 1-0 achter komt, waardoor Emmen terug kunnen deinzen."
Dêr giet it wolris faker mis, is Bergsma syn konklúzje. "Je ziet vaak dat we wedstrijden winnen als we voor komen. Als we achter staan of als ploegen zich ingraven, dan krijgen we het lastig. Zo ook nu weer. Zonder dat Emmen groot speelde, bleven ze vrij makkelijk overeind."

De knop om

Ek Bergsma wol de busmaleur net brûke as ekskús. "Het is niet ideaal, we waren pas laat in het hotel. We hadden de sportmaaltijd een stuk later. Maar we zijn profvoetballers, dan moet je de knop om kunnen zetten."