Spitse nei ferlies fan wrâldkampioen: "We hebben nog een kans"

ANP
Sherida Spitse (nûmer 8) tusken de spilers fan Oranje © ANP
De froulju fan it Nederlânsk alvetal ha noch in kâns. Dat seit oanfierder Sherida Spitse fan Snits direkt neidat de ploech fan Spanje ferlern hat.
Yn de heale finale fan de Nations League binne de froulju mei 3-0 ûnderút gien.

Abe Lenstra Stadion

As Nederlân wûn hie, hie de ploech wis west fan dielname oan de Olympyske Spelen. No moat Nederlân noch in wedstriid fan Dútslân winne om in ticket te fertsjinjen. Dy wedstriid is woansdei yn it Abe Lenstra Stadion.
"Dan spelen we thuis, met ons eigen publiek achter ons. We gaan het woensdag met zijn allen doen", seit Spitse. "We zijn blij dat we nog een kans hebben."
ANP
Spitse (links) yn duel mei Salma Paralluelo fan Spanje © ANP
Foar Nederlân wie de wedstriid tsjin Spanje in kâns op revâns. Op jacht nei de wrâldtitel makke Spanje ôfrûne simmer yn de kwartfinale nei ferlinging in ein oan it WK-avontuer fan Oranje. Spanje waard wrâldkampioen.
No wie Spanje Nederlân opnij de baas. "We hebben veel ervaring in de ploeg, maar de druk van Spanje was heel hoog. Wij waren te slordig, en niet goed aan de bal. Dan komen zijn in hun kracht."
"Spanje was beter dan wij, daar moeten we eerlijk in zijn."