Liveblog | 25 febrewaris

Rijpma-de Jong wint NK allround | Prins en Fledderus misse WK sprint

Yn dit blog folgje we it Fryske sportnijs fan dit wykein.

Lêst bywurke: 25 febrewaris, 22:05
snein 25 febrewaris
22:05

Hearrenfean makket ein oan rige tsjindoelpunten

ANP
Hearrenfean fiert in doelpunt yn Volendam © ANP
Hearrenfean hat de wedstriid tsjin Volendam mei 4-0 wûn. Dêrmei makket de klup in ein oan in ferfelende rige fan tsjindoelpinten: yn de lêste acht wedstriden is der alle kearen minimaal twa kear skoard yn it doel fan de Friezen.
Hearrenfean klimt troch de winst fan it trettjinde nei it tsiende plak yn de earedifyzje.
19:52

Hearrenfean spilet yn Volendam

ANP
Fans fan Hearrenfean yn Volendam © ANP
Om acht oere begjint yn Volendam de wedstriid fan Hearrenfean. It duel is rjochtstreeks te folgjen by Omrop Fryslân op de radio yn in ekstra sportprogramma.
17:35

Prins grypt krekt njonken ticket foar WK sprint

Prins
Tim Prins © ANP
Tim Prins is fjirde wurden op it Nederlânsk kampioenskip sprint. Dêrmei is it him krekt net slagge om him te pleatsen foar it WK sprint oer twa wiken yn it Dútske Inzell. Allinnich de nûmers ien en twa krigen dêrfoar in startbewiis.
Foar de ôfslutende 1.000 meter wist Prins dat er mear as sân tsienden goed meitsje moast op Merijn Scheperkamp, tsjin wa er yn de lêste rit ried. Dat slagge him net. Prins wûn de rit wol yn 1.07,91, mar it ferskil mei Scheperkamp wie te lyts (0,24 sekonde).
Yn de rit dêrfoar hiene Kjeld Nuis en Joep Wennemars al fluggere tiden notearje litten as Prins. Dêrtroch gie de Jouster harren ek net foarby yn it klassemint en dus moat er genôch nimme mei it fjirde plak.
Nuis ried yn 1.07,32 nei de fluchste tiid op de 1.000 meter. Wennemars sette in flugge tiid del, hy kaam yn Thialf oer de streek yn in persoanlik rekôr fan 1.07,40.

Utslach twadde 1000 meter manlju NK sprint

1. Kjeld Nuis 1.07,32
2. Joep Wennemars 1.07,40 (PR)
3. Tim Prins 1.07,91

Einklassemint manlju NK sprint

1. Kjeld Nuis 137.095
2. Joep Wennemars 137.325
3. Merijn Scheperkamp 137.350
4. Tim Prins 137.600
16:41

Homme Jan de Groot twadde yn Sweden

Sweden
De striid yn Sweden © Tims Imaging
Homme Jan de Groot út Hilaard is twadde wurden by de lêste maraton yn it Sweedske Luleå. De wedstriid, oer 150 kilometer, is wûn troch Gary Hekman. Esther Kiel wie de rapste by de froulju. Dy riden 100 kilometer.
16:59

Fledderus mist yn slotrit titel en WK-ticket

MF
Marrit Fledderus © Orange Pictures
It is Marrit Fledderus net slagge om har te pleatsen foar it wrâldkampioenskip sprint. Op it NK sette se op de lêste 1.000 meter in poerbêste rit del, se klokte 1.15,08. Mar yn de slotrit dûkte Grevelt dêr dochs krekt ûnder mei 1.15,06. Fledderus hie 0,22 sekonden goed meitsje moatten op Grevelt om Nederlânsk kampioen sprint te wurden.
Trochdat Jutta Leerdam en Femke Kok al wis binne fan it WK sprint, gie allinnich de winneres fan dit NK nei it WK. Dat is dus Grevelt. Dêrmei sit it seizoen foar Fledderus derop.
Helga Drost, twa seizoenen lyn noch tredde, waard no sechde op it NK sprint.

Utslach twadde 1.000 meter froulju NK sprint

1. Isabel Grevelt 1.15,06
2. Marrit Fledderus 1.15,08
3. Chloé Hoogendoorn 1.15,85
6. Myrthe de Boer 1.16,53
7. Anna Boersma 1.16,65
8. Helga Drost 1.16,66
12.Amber Duizendstraal 1.17,91 (PR)
15. Sanne Westra 1.18,48
18. Sietske van der Meer 1.23,19

Utslach klassemint froulju NK sprint

1. Isabel Grevelt 151.350
2. Marrit Fledderus 151.470
3. Dione Voskamp 152.765
6. Helga Drost 153.400
8. Anna Boersma 153.895
9. Myrthe de Boer 155.060
13. Amber Duizendstraal 156.565
15. Sanne Westra 157.495
18. Sietske van der Meer 164.385
16:15

Prins rint yn op Nuis en Wennemars, mar net op klassemintslieder Scheperkamp

Tim Prins
Tim Prins © Orange Pictures
Tim Prins hat op it Nederlânsk kampioenskip sprint op twa fan syn konkurrinten tiid pakt. De Jouster sette op de twadde 500 meter in tiid del fan 34,86. Dêrmei waard hy sechde. De oerwinning wie foar Merijn Scheperkamp, dy't dêrmei útrint op Prins yn it klassemint. Kjeld Nuis en Joep Wennemars einigen op de 500 meter efter Prins, dus op dat twatal wint er wat tiid.
Troch de útslaggen stiet Prins noch hieltyd fjirde yn it klassemint. Mei noch ien ôfstân te gean, de 1.000 meter, moat Prins 0,74 sekonde goed meitsje op Scheperkamp om earste te wurden. Fierder hat Prins in efterstân fan 0,42 sekonden op nûmer twa Nuis en 0,04 op nûmer trije Wennemars.
De winner en de nûmer twa fan dit NK sprint pleatse harren foar it WK, oer twa wiken yn it Dútske Inzell.

Utslach twadde 500 meter manlju NK sprint

1. Merijn Scheperkamp 34,58
2. Janno Botman 34,67
3. Stefan Westenbroek 34,72
6. Tim Prins 34,86