It doek liket te fallen foar besikerssintrum De Noordwester op Flylân

Ynformaasje- en besikerssintrum De Noordwester op Flylân
Ynformaasje- en besikerssintrum De Noordwester op Flylân © Omroep Zilt, Lennard Geerts
As de polityk net byspringe wol, moat De Noordwester op Flylân slute. It besikerssintrum bestiet al tsientallen jierren en is bot ferâldere. Mar fernijing is finansjeel net helber.
It sintrum fersoarget ekskurzjes, hat eksposysjes en docht tsjinst as juttersmuseum en Waadsintrum. It is in begryp op Flylân, al jierren.
Ferline jier krige De Noordwester noch oardel ton tasein fan de gemeente en fan it Waadfûns. Dêrmei like de finansiering rûn te wêzen. Like, want it docht no bliken dat der noch in gat fan 750.000 euro is. Yn totaal kostet it 2,6 miljoen euro.
"Het is een heel groot gat", seit bestjoersfoarsitter Dick Visser. "Afgelopen jaar hebben we een aanbesteding gedaan en vooral het bouwkundige deel blijkt een heel stuk duurder dan van tevoren ingeschat. Dat komt door prijsstijgingen in de bouw, schaarste aan personeel, het werken op een eiland."

'Foar ús hâldt it hjir op'

Troch de tanimming yn de kosten kin De Noordwester de fernijing net mear betelje. "Onoverbrugbaar", neamt it sintrum it op syn webside.
"Voor ons als bestuur houdt het hier op", seit Visser. It is tige ferfelend foar de belutsenen. "Ik ben persoonlijk al tien jaar bezig met het maken van plannen voor vernieuwing."
Ynformaasjesintrum De Noordwester
Ynformaasjesintrum De Noordwester © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Mar net allinne foar himsels. "Het is heel zuur, ook voor ons personeel." Want as it sintrum slút, betsjut dat ek dat betelle meiwurkers en frijwilligers net wer hoege te kommen. "Als we echt sluiten, dan houdt het gewoon op."
It sintrum allinne foar in part fernije, is ek net mooglik. Want it foarstel foar de fernijing wie al minimaal budzjettearre. "Daar kunnen we niet meer aan tornen."

Wol de polityk it noch rêde?

Ek binne der neffens Visser gjin oare opsjes foar eigen finansiering mear. "We hebben alles opties verkend, qua subsidies en fondsen." De iennige mooglikheid dy't oerbliuwt, is de polityk.
Ofrûne wike hat it bestjoer it probleem mei it kolleezje fan boargemaster en wethâlders bepraat. "Het is nu aan de politiek: hoe belangrijk is een bezoekerscentrum op Vlieland?"
De plannen foar De Noordwester leine al klear
De plannen foar De Noordwester leine al klear © Bidbook de Noordwester
Om't de plannen der wol wiene, is der yn de ôfrûne jierren amper noch wat dien om De Noordwester by de tiid te bringen. No't de fernijing net trochgiet, kin De Noordwester net de kwaliteit biede dy't it biede wol.
It hjoeddeiske besikerssintrum sil dêrom ek net mear iepenje. "Dat is dusdanig verouderd, dat kunnen we niet verkopen. We sluiten de deuren, want dat kan zo niet langer."
Stichting De Noordwester hâldt der ek mei op. Dêr falt net allinne it sintrum ûnder, mar ek Bunkermuseum Wn 12H op it eilân. Dat museum bliuwt lykwols gewoan bestean.

Bunkermuseum

"Dat is nog maar een paar jaar in bedrijf. Het is een aantrekkelijk museum om te bezoeken, dat willen we niet meeslepen", seit Visser. Der sil in oplossing betocht wurde om it museum te behâlden.
De hoop is dus dat de polityk it besikerssintrum noch rêde wol. "We gaan afwachten, maar als er tussen nu en vier tot zes weken niks ondernomen wordt, dan zullen we aan het begin van het voorjaar definitief de deuren sluiten. "