Europeesk kampioen Douwe Amels mei net nei WK indoor

orange
Douwe Amels op it NK indoor © Orange Pictures
Heechspringer Douwe Amels mei net meidwaan oan it wrâldkampioenskip indoor yn Glasgow. De regearjend Europeesk kampioen krige wol in útnûging fan it wrâldatletykbûn, mar de Atletykuny furdiget him net ôf, omdat er net oan de nasjonale limyt foldien hat.
Amels wûn ferline jier as earste Nederlânske heechspringer oait EK-goud. Troch ôfsizzingen fan oaren stie er heech genôch op de wrâldranglist foar in útnûging, mar de Drachtster wie der dizze winter net yn slagge om oer de nasjonale limyt fan 2,27 te springen. Dat joech de trochslach foar de Atletykuny om him net mei te nimmen nei Skotlân.

"Topsport is somtiden hurd"

Op Instagram lit Amels syn teloarstelling sjen. "Hoewol't ik binnen de top 12 stie en dus troch World Athletics útnûge bin, ha ik de nasjonale limyt fan de Atletykuny dit indoorseizoen net helle", skriuwt er.
"Dêrom bin ik net opnaam yn de seleksje. It docht sear om te sjen dat oaren myn plakje ynnimme yn de finale fan in wrâldkampioenskip, mar topsport is somtiden hurd."
Ferline wike waard Amels foar de tsiende kear Nederlânsk kampioen indoor.