Lizze kikkerts hieltyd earder aikes? Kikkertsdril telle kin it antwurd jaan

In brune kikkert mei kikkertsdril
In brune kikkert mei kikkertsdril © Shutterstock.com (IRINA ORLOVA)
Lizze kikkerts betider aikes, no't de maitiid hieltyd earder liket te begjinnen? Amfibye-organisaasje RAVON wol dêr mear oer witte en ropt op om mei te tellen.
Foar it fuortplantsjen fan kikkerts en podden sykje de bistjes in geskikt plak op. Dy trek betsjut somtiden dat se drokke diken oerstekke, mei alle risiko's dy't dêr by komme.
"Het hangt van het weer af", seit Raymond Creemers fan RAVON. "Als het regent en het is warm, dan trekken ze. De amfibieën zijn op weg naar het water."
Frijwilligers wurkje oan in skerm by Noardwâlde om amfibyen te beskermjen (argyf)
Frijwilligers wurkje oan in skerm by Noardwâlde om amfibyen te beskermjen (argyf) © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Creemers wol minsken entûsjast meitsje om yn harren buert te tellen. En dan net de losse kikkerts, mar kluten kikkeraikes yn de sleat of fiver.
"Je kunt die dril in je eigen tuin tellen." Hy hopet minsken mei it telprojekt ek wat mear by de natuer te belûken.

Nuttige gegevens

Boppedat binne de tellingen wichtich foar RAVON. De organisaasje dy't him ynset foar reptilen, amfibyen en fisken yn Nederlân wol mear te witten komme oer it fuortplantsjen fan kikkerts.
"Met de gegevens kunnen we ook kijken of die dieren zich tegenwoordig eerder of later voortplanten."
Dy kant liket it wol út te gean. Creemers sjocht dat de maitiid hieltyd wat earder oanbrekt en de bisten lykje dêrtroch earder aikes te lizzen. Mear gegevens kinne dêr mear dúdlikheid oer jaan.
Krookjes yn 'e bloei
Krookjes yn 'e bloei © Omrop Fryslân, Daniël de Boer
En dêr binne waarnimmingen foar nedich, seit er. Telle is net sa dreech. "Eén vrouwtje legt één klomp en er is altijd een mannetje bij. Dus je kunt zo'n klomp maal twee doen, dan weet je hoeveel kikkers er in je tuin zitten."

Aikes net los telle

De aikes los telle, dêr kinst neffens Creemers better net oan begjinne.
"Er zitten twee- of drieduizend eitjes in, maar de meeste overleven het niet en sneuvelen als kikkervisje al. Of als ze als klein kikkertje de rand opgaan, dan staan heel veel dieren ze op te wachten. Binnen een paar weken verdwijnt het grootste deel. Er zijn er uiteindelijk meestal twee die volwassen kunnen worden, die kunnen zich voortplanten."
Ien foar ien telle is net te dwaan
Ien foar ien telle is net te dwaan © Shutterstock.com (dmitro2009)
Hoe't it mei de kikkert yn ús lân stiet ferskilt de soarte. "De bruine kikker is met 30 procent afgenomen in vijftien jaar tijd. Dat is best veel. Maar met een paar goeie jaren zou het ook weer de andere kant op kunnen gaan."
Lykas by de túntellingen fan fûgels, flinters of mollen kinne tellingen trochjûn wurde fia tuintelling.nl, seit Creemers. "Via waarneming.nl mag ook, dat maakt ons niet uit, als je maar in je omgeving kunt tellen." Tellingen trochjaan kin noch oant 10 maart.
Fryslân mei wat it tellen oanbelanget noch wol wat mear syn bêst dwaan. Ferline jier binne der mar 38 aaikluten fan de brune kikkert trochjûn út ús provinsje wei. Dat wie it leechste oantal fan alle provinsjes. Lanlik waarden der 4.117 aaikluten trochjûn út 575 tellingen.