Liveblog | 23 febrewaris

112-nijs: Ljouwerter krijt boete foar slaan mei beitel | Selstraf foar besit kokaïne en pepperspray

Yn dit bloch hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 23 febrewaris, 15:09
15:09

Ljouwerter yn de sel foar besit kokaïne en pepperspray

In 60-jierrige Ljouwerter is feroardiele ta 40 dagen selstraf foar it besit fan 11 gram kokaïne en in buske pepperspray. Yn jannewaris die de plysje in ynfal yn syn keamer oan de Soendastrjitte, nei klachten fan omwenners. Dy tochten dat de man yn harddrugs dealde.
De plysje fûn yn de keamer noch mear kokaïne en ek in hoemannichte speed. Mar dat wiene net syn drugs, ferklearre de man. Der sieten meardere lju yn de keamer, mar dy binne net heard troch de plysje.
De rjochter wie der dêrom net fan oertsjûge dat alle drugs yn de keamer fan de man wiene, mar kaam wol út op deselde straf as dy't de offisier fan justysje easke. Mei it each op it lange strafblêd dat de fertochte al hie, is besletten de 40 dagen selstraf op te lizzen.
14:06

Ljouwerter krijt boete foar slaan mei beitel

In 54-jierrige Ljouwerter krijt in boete fan 500 euro ûnder betingst, om't er te útwrydsk wie by it oanhâlden fan in dief. De man seach dat ien syn beurs en telefoan út syn auto pakte, en griep yn. Hy joech de fertochte in pear klappen, mar gie neffens de rjochter te fier doe't er de dief mei in beitel sloech.
De klappen wienen neffens de advokaat fan de Ljouwerter tastien by in boargeroanhâlding. De rjochter wie it dêrmei iens, mar de Ljouwerter gie oer de grins doe't er de man in stomp joech mei it ark.
07:00

Goeiemoarn

Wolkom by it 112-livebloch fan hjoed. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
It 112-nijs fan juster fynst hjir werom.