Raptiel feroare 'papi papi' yn 'heitie heitie': "Zelfs Bizzey zelf likete het"

Martijn Werkhoven  Raptiel
Martijn Werkhoven, alias rapper Raptiel © Martijn Werkhoven
Syn artystenamme hat er sels betocht as wurdgrapke. Rapper Raptiel, yn it echt Martijn Werkhoven, sille in soad minsken kenne fan syn TikTok-filmkes dêr't er in Fryske mem yn spilet.
Noch net sa lang ferlyn presintearre Raptiel yn in fol poppoadium Neushoorn yn Ljouwert syn album Fryske Daddy. Werkhoven wennet yn Ljouwert en komt út Frjentsjer, dêr't syn heit en mem no noch wenje.
In soargeleaze jeugd hie er. Hy is grut wurden yn in leafdefol hûs. Yn it begjin fan syn muzikale karriêre hat er wol te krijen hân mei pesterijen. Uteinlik joech er dêr in positive draai oan. It pesten makke dat er tige motivearre wie om sjen te litten dat er wol wat kin.

Nederlânsk en Frysk trochinoar

Mei syn rapmuzyk nimt er gjin polityk stânpunt yn. Hy wol minsken net fertelle hoe't se tinke moatte, mar se laitsje en genietsje litte.
Nederlânsk en Frysk brûkt er yn ien en itselde nûmer trochinoar. "Ik ken geen enkele rapper die Nederlands en Fries door elkaar rapt. Daarin wil ik uniek zijn." Hy hopet dat minsken troch syn muzyk ynteresse krije foar de Fryske taal.
Ik ben wel eens nepfries genoemd.
Martijn Werkhoven
Syn âlden prate Frysk mei-inoar en tsjin him Nederlânsk. Werkhoven kin sels ek wol Frysk prate, te hearren en sjen yn syn TikTok-filmkes as 'Fryske mem'. Mar yn in frij petear moat er sykje om wurden en dan fielt er him net op syn gemak.
In soad minsken falt it ôf dat er gjin Frysk praat. Dat litte se him ek witte. "Ik ben wel eens nepfries genoemd." As er dan útleit hoe't it sit, begripe se it wol.

Dochs frisismen

De twa talen hellet er wolris ûnbedoeld trochinoar. Yn syn Nederlânsk brûkt er frisismen. As in oar him dêr net op wiist, hat er dat sels net troch.
Sa sei er in kear tsjin syn freondinne út Den Haag: "Ik ga die kant op." Hy bedoelde dat er fuortgie. Sy fette it letterlik op en frege: "Die kant op? Welke kant?"
Martijn alias Fryske mem yn syn Tiktokfilmkes
Martijn alias Fryske mem yn syn TikTok-filmkes © Martijn Werkhoven
Syn filmkes wurde goed besjoen. In Fryske remix fan Drank & drugs fan Lil Kleine & Ronnie Flex waard Beerenburg en dumkes. En syn ferzje fan Traag fan Bizzey mei 'doe ik het goed, papi papi' waard yn Fryske Daddy 'doch ik it goed, heitie heitie'.
"Die ging viral", fertelt Werkhoven. "Door het hele land. Zelfs Bizzey zelf likete hem."

Net allinnich 'dy jonge fan de remixen'

It sukses fan syn remix-filmkes joech him de ynspiraasje om sels ek wer nije muzyk te meitsjen. De remixen hawwe him bekendheid jûn, mar der sit ek in oare kant oan. It gefaar is dat minsken him allinnich mar sjogge as 'dy jonge fan dy remixen', wylst er sels ek nûmers makket.
Ast bekend bist fan de remixen is it in hiele keunst om de folgers - hy hat op TikTok goed 31.000 - derta oer te heljen nei optredens te kommen dêr'tst ek eigen nûmers bringst.
Martijn Werkhoven mei Fryske Daddy
Rapper Raptiel stiet op it poadium as Fryske Daddy © Martijn Werkhoven
Mear folgers krije wurdt faak as it ideaal sjoen. Werkhoven lit him der net ta ferliede om yn see te gean mei figueren dy't him dat ûnthjitte. Leaver hat er dat minsken by syn optredens komme. Dat se de muzyk moai fine en dat er nei ôfrin mei harren efkes prate kin. It hoecht om him net sa grut. It giet him om de minsklike mjitte.
Sjoch hjir nei it petear dat Willem de Vries hat mei Raptiel:
Yn tsjinstelling ta Werkhoven hat generaasjegenoat en kollega-rapper Joost - ek woartele yn Fryslân - net in probleemleaze jeugd hân. "Ik geloof dat Joost in Fryslân dingen heeft meegemaakt die hem gemaakt hebben tot de persoon die hij nu is. Dat hoort bij zijn verhaal."
Syn eigenheid makket Joost sa goed, fynt Werkhoven. Hy is in unyk persoan, makket unike muzyk en is ynspirearjend.
"Ik was bij zijn optreden op het hoofdpodium fan Lowlands. Zit hij daar met de Friese vlag. Dat is toch fantastisch. Hij maakt mij trots om Fries te zijn."
Raptiel Martijn Werkhoven mei Joost
Joost en Raptiel © Martijn Werkhoven
"Op Pinkpop 2022 was Joost aan het einde van het nummer Florida 2009 (oer syn ferstoarne âlden, red.) in tranen en verschool hij zich in de Friese vlag. Ik heb er ook een traantje om gelaten."

Joostpromoasje ûnderweis nei it Songfestival

Nei syn albumpresintaasje wol Werkhoven wer wat nijs om hannen hawwe. "Ik wil met een gehuurde camper naar Malmö rijden om overal onderweg Joost te promoten. Vlogs daarvan wil ik op social media zetten."

Rappende trouamtner

Werkhoven stiet bol fan de ideeën en aktiviteiten. "Ik heb elke week wel iets anders." Hy kin noch net bestean fan syn influence-dingen en filmkes, mar wol dat wol hiel graach.
Filmkes en muzyk meitsje is it moaiste wat der is, fynt Werkhoven. Hy is noch sykjende nei de krekte ynfolling fan syn libben. Rapper of influencer, skoalmaster of trouamtner. Of social media-manager foar bedriuwen. It kin allegearre om him.
Op it stuit is er ynfallearkrêft op basisskoallen, jout er rapworkshops. makket er fideo's en presintearret er pubkwissen en karaokejûnen yn in muzykkafee yn Ljouwert. In freondinne brocht him op it idee om trouamtner te wurden. "Hoe vet zou het zijn om een rappende trouwambtenaar te zijn. Dat is toch cool?"

Muzyk útsocht troch Martijn Werkhoven

artyst titel
Raptiel Fryske Daddy
Kanye West Gold digger
Chelsea Cutler You were good to me
Drake One dance