Sytse van Essen fan It Dockumer Lokaeltsje: 'Freonebânbands binne de bêste bands'

Sytse van Essen
Sytse van Essen © Omrop Fryslân
De eardere doarpspunker - mar net superpunk, hear - yn steat fan oarloch mei de maatskippij draait al hiel wat jierren mei yn de Fryske muzyk: Sytse van Essen fan de groepen It Dockumer Lokaeltsje, Nothing en Kaydee and the Goodfornothingboys.
"Fan myn tolfde ôf siet ik al yn soart steat fan oarloch mei de maatskippij", fertelt gitarist Sytse van Essen. Syn Frysktalige groep It Dockumer Lokaeltsje hat sûnt koart wer in album út: Trump yn Makkum is de tredde plaat nei't se wer bynoar kommen binne.
It begûn allegearre mids jierren '80. De eigensinnige Frysktalige avant-garde-achtige muzyk waard lanlik en ynternasjonaal oppikt. Nei in pear jier hâlde de band op, mar nei 25 jier begûnen se yn 2014 mei in twadde libben.
Muzyk meitsje is it belangrykste ding yn Van Essen syn libben. Hy kin der net sûnder. Foarhinne woene se by It Lokaeltsje like grut wurde as Sonic Youth, no hawwe se foaral in soad wille.
De platen dy't we doe makken, hiene we no ek wol meitsje kinnen. Dat hie net raar west.
Sytse van Essen oer dat It Dockumer Lokaeltsje tiidleas is
Van Essen is befreone mei syn muzykmaten, sjonger-bassist Peter Sijbenga en drummer Fritz de Jong. De leden fan It Dockumer Lokaeltsje sieten op it Stedelijk Gymnasium yn Ljouwert. "Wy wiene bot ynspirearre troch new wave-muzyk. Dat wie hiel breed. It koene de Talking Heads wêze, mar ek Wire."
Harren muzyk wie as oars. Gjin fjouwer-akkoardenûmers, mar absurdistyske noisemuzyk mei ûnferwachtse breaks en stillere stikken. De Frysktalige teksten makken it foar bûtensteanders allinnich noch mar absurdistysker.
"De muzyk fan It Lokaeltsje fan doe paste net yn hokjes en wie ek net tiidsbûn. De platen dy't we doe makken, hiene we no ek wol meitsje kinnen. Dat hie net raar west."

Doarpsjonge út Reduzum

Hy wie net echt superpunk yn syn jonge jierren. In doarpsjonge dy't him yn de stêd goed rêde koe, dat wie er. "In doarpsjonge bliuw ik eins altyd wol. Ik bin bliid dat ik yn Reduzum grut wurden bin."
Op it gymnasium yn Ljouwert kaam er mei oare minsken yn oanrekking. Hy seach der wat oars út en dêr hiene guon minsken yn doarpske fermiddens wolris muoite mei. Mar de famylje stie achter him: "Us mem is al ris op in jierdei foar my yn de bres sprongen."

Goede opfieding

Dy 'steat fan oarloch mei de maatskippij' kin net troch syn opfieding komme, want dêr is er hiel tefreden oer. "We hawwe altyd alle leafde, fertrouwen en stipe krige. Ien fan de moaiste dingen wie dat ús heit my stipe yn keuzes dêr't er sels net achter stie. En ús mem prate altyd mei ús as bern. Dêrom praat ik sels ek safolle, tink ik, hahaha."
Besjoch hjir it petear dat Willem de Vries mei Sytse van Essen hie:
Van Essen syn âlden libje noch. Hy hat goed kontakt mei harren. Fierders hat er in broer dy't op Sint Maarten wennet en in suster op Flylân. Allebeide wenje se dus op in eilân, mar Van Essen wennet yn Ljouwert. "Ik bin de iennige dy't nei heit en mem yn Reduzum rinne kin, hahaha."
Sels bern krije is der nea fan kaam, mar dêr sit Van Essen net mei. Dingen gean sa't se gean. En boppedat, as er al bern hân hie, dan hie er him soargen makke.
"It giet net de goede kant út mei de wrâld. Ik bin fan mysels posityf ynsteld, mar soe der wol oer yn sitte foar myn bern. Witst net hoe't it oer 25 jier is."

Learareoplieding

Nei it gymnasium hat Van Essen de learareoplieding yn Ljouwert dien. Hy mei lesjaan yn ierdrykskunde en sûnenskunde. Op staazje seach er dat er net in probleem hie mei de learlingen, mar wol mei de leararen. Der sieten guon by dy't hielendal net fan jongeren hâlden. It lesjaan op in skoalle waard him net. Utsein op staazje hat Van Essen nea foar de klasse stien.
Hy is letter wol jongereinwurker wurden, mar dêr gie in trits oan oare wurksumheden oan foarôf.
It Dockumer Lokaeltsje yn 2014
It Dockumer Lokaeltsje yn 2014, mei Sytse van Essen yn de midden, Peter Sijbenga links en Fritz de Jong rjochts © ANP
Hast alle aspekten fan de muzyk hat er wol hân. Hy spile yn ferskate bands, hie in platesaak, holp mei mei it organisearjen fan festivals, lykas Frozenland, en draaide as dj yn de Amsterdamske Melkweg en op Lowlands.
Hy skrok doe't er in kear in gearfetting seach fan it festival yn Biddinghuzen. Yn syn krityk is er net mijen:
"Al dy famkes mei fan dy Nederlânsktalige, kompleet ûnynteressante kloatemuzyk. Rocke kinne se ek net. Foarhinne waard der wol ynteressante muzyk makke troch froulju, lykas Siouxsie and the Banshees, de Slits en Björk. Doe wiene der yn de muzyk froulju dy't mear wiene as allinnich mar 'famkes'."
Hy wol ek noch wat sizze in oare, populêre band, mar kin net op de namme komme. "Hoe hjit dy band ek hast wer? Blueband? O, nee Goldband. Ferskriklik fyn ik dat. Rampsalich. It klinkt net."
It Dockumer Lokaeltsje
It Dockumer Lokaeltsje © It Dockumer Lokaeltsje
Nei It Dockumer Lokaeltsje spile Van Essen yn LUL, dêr't er yn 1987 de jierlikse Fryske poppriis mei wûn. "Wy binne yn de foarronde kaam troch in kassettebantsje op te stjoeren mei muzykopnames dy't net fan ús wiene. En doe hawwe we de haadpriis ek noch wûn."
De skaband Klinkhamer wie de folgjende groep op Van Essen syn listje. Hy sette de band op tegearre mei Foppe Land fan Strawelte. Land gie der letter út en waard ferfongen troch Sjoerd Plantinga. Van Essen syn heit hat ek noch in roltsje spile yn in fideoklip fan Klinkhamer.
Nothing bliuwt altyd. As alles kapot is, is der noch mar ien ding. En dat is 'nothing'.
Sytse van Essen oer de ivichheidswearde fan syn band
In opfallende karriêredraai wie jongerewurker. Se neamden him 'de zwerver', mar dat wie foar him in geuzenamme.
Hjir spilet de muzyk ek in rol: "Muzyk makket wat los, ek by de jongeren." Sa kaam er yn kontakt mei Ronnie Prins mei wa't er yn de formaasje Nothing sit.
"Nothing bliuwt altyd. As alles kapot is yn de wrâld, dan is der noch ien ding en dat is 'nothing'."
Klinkhamer yn de Scamele Ruter yn Ljouwert dêr't de Amerikaanske band Green Day ek spile hat
Klinkhamer yn de Scamele Ruter yn Ljouwert dêr't de Amerikaanske band Green Day ek spile hat © Klinkhamer
Van Essen praat sa rap dat er hast oer de wurden stroffelet. "Soest it miskien net sizze, mar ik mei ek graach allinnich wêze. Dan bin ik... hiel... rêstich." Hy past syn sprektempo fuortendaliks oan oan syn wurden.
"My ôfsûnderje haw ik nedich om op te laden. Al in hiel skoft haw ik gjin relaasje mear. Haw ik ek hielendal gjin ferlet fan. Iensumheid ken ik net. Allinnich wêze is út en troch wol efkes lekker."
"Mar minsken om my hinne hawwe is ek hearlik. Ik bin ek wol sosjaal. Beide haw ik nedich."
Heit fan Sytse van Essen yn fideoklip Defeat fan Klinkhamer
De heit fan Sytse van Essen yn fideoklip Defeat fan Klinkhamer © Klinkhamer
It grutte fertrouwen dat Van Essen yn syn maten fan It Dockumer Lokaeltsje hat, hat er ek yn Ronnie Prins fan Nothing. "Dat te hawwen is sa bysûnder. Bands dêr't de leden in bân mei-inoar hawwe, binne de bêste bands."
Foarearst dinderet de trein mei de trijeienheid Sytse van Essen, Peter Sijbenga en Fritz de Jong fan It Dockumer Lokaeltsje noch wol efkes troch. "We hawwe nije fans, mar ek fans fan tritich jier ferlyn."
En lykas earder sein: as alles kapot is, bliuwt Nothing oer.

Muzyk útkeazen troch Sytse van Essen

artyst titel
It Dockumer Lokaeltsje It H. Spoek
Klinkhamer Defeat
The Frozenland All Stars Ragga clinch
Nothing Fading away
Nothing Moroseness
Kaydee and the Goodfornothingboys Dirty old town