Cambuur dreamt al fan beker, mar moat "de kop derby hâlde"

cambuur
Henk de Jong op de training fan tongersdei © Dijks Media
By Cambuur stiet hast alles yn it ramt fan de bekerwedstriid tsjin NEC fan kommende tiisdei. Tongersdei wie it noch in drokte fan belang by it Cambuurstadion, dêr't de lêste kaarten ferkocht wurden.
Trainer Henk de Jong en de spilers fan Cambuur sjogge lykwols noch net nei tiisdei: sy binne allinnich mar dwaande mei de earstkommende wedstriid. En dy is freed. Foar de kompetysje, út tsjin FC Emmen.
Pas nei dy wedstriid giet de blik nei tiisdei, seit de trainer. "Wy binne dwaande mei Emmen. Dêrnei begjint de folgjende wedstriid. En Emmen wurdt in moaie pot. Wy moatte wer knokke, mar ek net ferjitte om te fuotbaljen."
Cambuur dreamt fan beker, mar earst wachtet Emmen
De Jong kin beskikke oer in fitte seleksje. "De jonges binne top. Alles is goed opknapt fan de wedstriid tsjin NAC Breda."
Ek Agustín Anello is fit. Hy rekke ferline wike blessearre en efkes wie der de gedachte dat dy blessuere wat tiid nedich hawwe soe. Mar dat blykt ta te fallen. "Anello sit wer by de seleksje. Dy jonge kin folle mear as dat hy no sjen litten hat. It is in hiele goeie spiler."
Ik bin net sa gek om dan alles te feroarjen.
Henk de Jong oer de opstelling
Nei de oerwinning op NAC Breda is de fraach wa't Henk de Jong yn de basis sette sil en hoe't er it delset. "Dat sjogge jim moarn wol. Ik moat noch efkes mei de jonges sitte. Mar wy hawwe moandei wûn, toch? Ik bin net gek om sa dan alles te feroarjen."
cambuur
Henk de Jong mei in part fan de seleksje op de training fan tongersdei © Dijks Media
Dat betsjut dat ek Thomas Poll wer yn de basis begjinne sil. Hy hâldt sûnt de winterstop Sekou Sylla út de basis.
"Sekou hat in moanne nei de Afrika Cup west", seit De Jong. "Dy moast opknappe. En Poll hat him geweldich ûntwikkele. Dat gie yn oktober noch wat muoisum, mar hy is no ien fan de betteren. sawol op de training as yn de wedstriden. Wêrom soe ik him wikselje moatte?"

"It is in gekkehûs"

Yn oanrin nei de bekerwedstriid tsjin NEC binne it hektyske dagen foar Cambuur. Alles libbet mei ynmoed nei dy wedstriid ta. Foar de spilers en De Jong is it saak dy gekte wat bûten te sluten. "Ik libje fan dei oant dei. It is in gekkehûs. Mar wy moatte de kop derby hâlde en goeie plannen meitsje. Dan kinne wy goeie dingen dwaan de kommende wiken."
De wedstriid tusken FC Emmen en SC Cambuur begjint freed om 20.00 oere. De wedstriid is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio yn in ekstra sportprogramma. Geert van Tuinen fersoarget it kommentaar.